It Brief fan Judas, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή του Ιούδα, Epistoli tou Iouda, ek wol koartwei Judas neamd, is it 26ste en foarlêste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de 21ste en lêste fan 'e brieven, en de sânde fan 'e Algemiene Seinbrieven. De earste Fryske oersetting fan Judas stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Brief fan Judas
algemiene gegevens
oarspr. titel Επιστολή του Ιούδα
("Epistoli tou Iouda")
auteur Judas (broer fan Jezus) (?)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ein 1e iuw
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Tredde Brief fan Jehannes
● folgjend diel Iepenbiering fan Jehannes
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Brief fan Judas
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Skriuwer en oarsprong

bewurkje seksje

De skriuwer fan dit brief identifisearret himsels inkeld as "Judas, de tsjinstfeint fan Jezus Kristus, de broer fan Jakobus"; der is dan ek nochal wat strideraasje oer wa't er krekt wie. Yn elts gefal wie it net Judas Iskariot, de dissipel dy't Jezus ferette. Guon bibelwittenskippers wolle hawwe dat, om't er nei de apostels as in trêde partij ferwiist, it likemin de apostel Judas wêze kin, hoewol't oaren it dêr net mei iens binne. Mar it wierskynlikst is dat it giet om Judas, de broer of healbroer fan Jezus, dy't neamd wurdt yn Markus 6:3. Marten Luther beskôge it Brief fan Judas lykwols as apokryf; dêrfandinne dat it mei Hebreeërs, Jakobus en Iepenbiering, dy't itselde lot troffen, yn lutherske bibels noch altiten los fan 'e kanon byinoar yn in aparte taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint ôfprinte wurdt.

Wat de datearring oangiet, moat rekken holden wurde mei it feit dat in oaren fan 'e Algemiene Seinbrieven, 2 Petrus, witwat oan Judas ûntlient. As 2 Petrus troch de apostel Petrus skreaun is, soed er uterlik fan 64 datearje, mei't Petrus foar it neist yn dat jier ta de dea brocht waard. Judas soe dan dus fan foar dy tiid wêze moatte. Mar hjoed de dei is men fan tinken dat 2 Petrus in pseudepigrafyske tekst fan in anonym skriuwer ûnder de namme fan Petrus út 'e earste helte fan 'e twadde iuw is, dat sadwaande wurdt Judas almeast letter datearre, oan 'e ein 'e earste iuw.

Yn Judas, dat skreaun is oan 'e kristenen yn it algemien, trunet de skriuwer syn lêzers oan om 'e rjochte leare fan it kristendom te ferdigenjen en de wurden fan 'e apostels net te ferjitten. Hy warskôget tsjin lju dy't de dwaallear ferkundigje dat alle sûnden dochs al ferjûn binne, en dat it dêrom net sa krekt komt mei jin oan 'e foarskriften te hâlden. Hy wiist derop dat God sels nei't er syn folk út Egypte befrijde, net wifke om ûnleauwe te bestraffen (in ferwizing nei it âldtestamintyske boek Exodus). Ek oare foarbylden komme út it Alde Testamint, mar Judas hellet ek guon apokrife teksten oan yn ferwizings nei foarfallen dy't yn 'e bibelske kanonnearne beskreaun steane. Sa hat er it yn Jud. 1:9 oer de striid tusken de aartsingel Michael en de duvel om it lyk fan Mozes (út 'e Himelfeart fan Mozes), en wurde yn Jud. 1:14-15 útspraken oanhelle út it boek Henoch, dêr't men yn Genesis omdôch nei sykje sil. Troch dy ferarbeiding yn 'e tekst fan bûtenbibelske ferhalen docht Judas sels foar trochkrûpte bibelkenners wat frjemd oan. It boadskip is lykwols simpel: de kristenen moatte op it rjochte paad bliuwe en har net ferliede litten om dêrfan ôf te wiken, al hoefolste makliker oft har libben dêr ek fan wurde soe.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De earste Fryske oersetting fan Judas stie yn it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Judas waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering