Maleächy (bibelboek)

Maleächy, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מלאכי, Malaḵi, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Maleächy in bibelboek op himsels, it 39ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten). De earste folsleine Fryske oersetting fan Maleächy stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Maleächy
algemiene gegevens
oarspr. titel מלאכי ("Malaḵi")
auteur Maleächy (?)
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun >515 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Sacharja
● folgjend diel gjint (is lêste boek fan it A.T.)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Maleächy
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Skriuwer en oarsprong

bewurkje seksje

It boek Maleächy hjit de profesijen te omfetsjen fan 'e profeet Maleächy, mar de measte bibelwittenskippers en teologen miene dat dat hielendal gjin namme is, mar in titel, mei't Malaḵi yn it Hebriuwsk bestjut "myn boadskipper", mooglik in ôfkoarting fan Malaḵīyah, wat "boadskipper fan de Heare" wêze soe. Sadwaande wurdt der ûnder saakkundigen rûnom redendield oer de identiteit fan 'e skriuwer fan Maleächy. Yn ien fan 'e Targums wurdt yn dy hoedanichheid de preester Ezra oanwiisd, mar der bestiet gjin histoarysk bewiis om dat te ûnderstypjen. Guon bibelwittenskippers hawwe de oerienkomsten yn styl en wurdgebrûk opmurken mei de beide dielen fan 'e twadde helte fan it boek Sacharja, it saneamde 2 Sacharja (Sach. 9-11) en 3 Sacharja (Sach. 12-14). Der wurdt gauris oannommen dat Maleächy en 2 en 3 Sacharja fan oarsprong ien samling fan trije profesijen foarmen, dy't skreaun of redigearre wiene troch ien en deselde persoan. De earste beide dêrfan soene dan letter oan oan it oarspronklike boek Sacharja (Sach. 1-8) taheakke wêze, wylst de trêde it boek Maleächy waard. Yn elts gefal wurdt Maleächy beskôge as it wurk fan ien skriuwer, dy't al of net bekend stien hawwe mei as "Maleächy".

It boek Maleächy jout frijwol gjin histoaryske details, mar twa dingen meitsje dúdlik wannear't it likernôch datearre wurde moat. It earste is de fernijing fan it wurd pehā yn Mal. 1:8, in oantsjutting foar in lânfâd út it Perzyske tiidrek. Dat wiist op in oarsprong fan nei de Babyloanyske Ballingskip (586-538 f.Kr.) fanwegen sawol de Perzyske term as it feit dat Juda foarôfgeande oan 'e ballingskip keningen hie, en gjin lânfâden. Fierders kin út itselde fers opmakke wurde dat op 'e tiid dat it skreaun is, de Timpel fan Jeruzalim al wer funksjonearre, d.w.s. op 'e nij opboud wie, wat betsjut dat de tekst fan nei 515 f.Kr. wêze moat.

Maleächy waard skreaun om it lossinnige religieuze en sosjale hâlden en dragen fan 'e Joaden, en yn it bysûnder fan 'e joadske preesters, te korrizjearjen. Want nei harren weromkear út 'e Babyloanyske Ballingskip en de weropbou fan Jeruzalim en de Timpel wiene de Joaden al rillegau wer ferfallen ta harren âlde flaters (of sa seach de profeet it alteast), dy't foarhinne laat hiene ta in bestraffing fan God yn 'e foarm fan 'e ballingskip. Sa brochten se bgl. bline, kreupele of sike bisten nei de Timpel ta om oan God te offerjen, wylst Leviticus dúdlik foarskriuwt dat de offers "ûnbesmodzge" wêze moatte.

Fierdersoan beskrobbet de profeet it folk (d.w.s. de manlju) fanwegen de praktyk fan troubrek. Dêrby liket Maleächy it skieden fan Joadske froulju om yn har stee mei net-Joadske froulju te trouwen te bestriden (krekt sa't Ezra dat docht) mar mooglik ek it skieden fan net-Joadske froulju om mei Joadske froulju te trouwen (wat Ezra krekt oanmoediget): "Want wa't syn frou hatet en fuortstjoert, docht har geweld oan — seit de Heare, de God fan Israel — en besmoarget syn eigen klean mei in misdied" (Mal. 2:16). In protte bibelwittenskippers binne trouwens fan tinken dat dizze tekst in dûbele boaiem hat, en ek beskôge wurde moat as in warskôging oan it folk om him net ôf te kearen fan syn ferbûn mei God en ynstee dêrfan oare goaden te tsjinjen.

Maleächy feecht syn tahearders ek de mantel út om't hja God syn rjochtfeardigens yn 'e kiif stelle. Hy bringt harren yn 't sin dat God wol deeglik rjochtfeardich is en drukt har op it hert om Gods rjochtdei mei geduld en yn trou ôf te wachtsjen. Eins, seit Maleächy, is it krekt oarsom: it folk is net rjochtfeardich foar God oer, en bekreaut him wat him fan rjochten takomt (lykas ûnbesmodzge offers yn 'e Timpel). En as God dy offers dan net oannimt en net nei de offerders omsjocht, sizze se dat hy ûnrjochtfeardich is. Maleächy bewissiget it folk derfan dat yn it hjirneimels wol blike sil wa't rjochtfeardich west hat en wa net. Hy beslút syn boek mei in berop op 'e leare fan Mozes en in ûnthjit dat Elía wer komme sil ear't de "Dei fan de Heare" oanbrekke sil (oan dylêste messianistyske oankundiging ûntlient Maleächy ûnder kristenen, dy't dat ynterpretearje as slaand op Jezus Kristus, in grut diel fan syn autoriteit).

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Mal. 3:1-6 út. De earste folsleine útjefte fan Maleächy stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Maleächy waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering