Hoséa (bibelboek)

Hoséa, yn it oarspronklike Hebriuwsk: הושע, Hošea, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Hoséa in bibelboek op himsels, it 28ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).

Hoséa
algemiene gegevens
oarspr. titel הושע ("Hošea")
auteur Hoséa
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 8e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Daniël
● folgjend diel Joël
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Hoséa
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Yn it boek Hoséa binne de profesijen fan 'e profeet Hoséa fêstlein, dy't besocht om 'e Israeliten ta ynkear te bringen, mei't hja har fan God ôfkeard hiene en oare goaden begûn wiene te ferearjen. De measte moderne bibelwittenskippers akseptearje de autentisiteit fan Hoséa as in tekst dy't yn 'e achtste iuw f.Kr. skreaun is troch de Israelityske profeet Hoséa sels (of neffens syn oanwizings optekene is troch in klerk), al is er neitiid bewurke troch in Judeeske kopiïst, dy't de útspraken dy't oarspronklik bedoeld wiene foar it noarderryk Israel sa oanpaste dat se ek op it suderryk Juda slaan koene. Boppedat hat de tekst de iuwen net ûnskeind trochstien, sadat de swierrichheden op it mêd fan oersetting en ferklearring noch lang net allegearre oplost binne. De earste folsleine Fryske oersetting fan Hoséa stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Hoséa profetearre yn in tiid dat it noarderryk Israel yn it neigean rekke wie. It folk hie him yn neifolging fan 'e keningen en de hegerein fierhinne fan God ôfkeard om oare goaden te tsjinjen, lykas de keallebylden fan Jerobeäm II en de Kanaänityske god Baäl. Hoséa stelde dat as hja net fan har sûndige wegen weromkearden, God tastean soe dat it lân ferdylge wurde soe troch fijannen, en dat it folk yn ballingskip fuortfierd wurde soe nei Assyrje.

By it útdragen fan syn boadskip gie Hoséa hiel fier. Sa iepenet it boek mei de beskriuwing fan hoe't er op oanwizing fan syn fizioenen troude mei "in frou dy't net fij is fan huorkerij" (Hos. 1:2). Syn bern joech er nammen dy't syn boadskip beklammen: Jizreël (it plak dêr't it âlde Israelityske keningshûs fan Omry útmoarde wie; dizze namme wie dus eins in bedutsen drigemint oan it adres fan it regearjende keningshûs), Lo-Rûchama ("Gjin-Begrutsjen", want God soe gjin begrutsjen toane mei lju dy't dôfhûdich bleaune) en Lo-Ammy ("Net-Myn-Folk", want God swarde de oerhearrige Israeliten ôf).

Hoséa syn profesijen spitse har ta op 'e leafde fan God foar de sûndige Israeliten en syn pine fanwegen harren ferrie fan syn ferbûn mei harren. Bibelwittenskipper Stephen Cook hâldt út dat de profesijen fan Hoséa gearfet wurde kinne yn dizze passaazje: "Mar Ik, de Heare, wie dyn God al sûnt Egypte; in God bûten My koesto net, en der wie gjin oar as Ik, dy't dij befrije koe" (Hos. 13:4). It wie Hoséa syn taak om sokke wurden te sprekken yn in tiid dat dy de lju fergetten en ûnwolkom wiene.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Hos. 14:5-10 út. De earste folsleine útjefte fan Hoséa stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Hoséa waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering