Sefanja (bibelboek)
Sefanja, yn it oarspronklike Hebriuwsk: צפניה, Ẓěfanyāh, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Sefanja in bibelboek op himsels, it 36ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten). De earste folsleine Fryske oersetting fan Sefanja stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Sefanja | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | צפניה ("Ẓěfanyāh") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 6e – 3e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Habakuk | |
● folgjend diel | Haggai | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Sefanja | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Skriuwer en Oarsprong
bewurkje seksjeIt boek Sefanja hjit de profesijen te befetsjen fan in joadske profeet dy't him Sefanja neamt. Oer dy profeet is fierders neat bekend, mar it opskrift (Sef. 1:1) fertelt dat it giet om "de soan fan Kûsjy, de soan fan Gedalja, de soan fan Amarja, de soan fan Hizkía", dy't libbe yn 'e tiid fan kening Josjía fan Juda. Dat der fjouwer generaasjes opneamd wurde, hat nei gedachten te krijen mei de profeet syn heit, Kûsjy, in namme dy't "Etiopiër" betsjut; hy woe wierskynlik syn Joadsk komôf oantoane (en beweart dêrby foar 't neist fan keninklik komôf te wêzen, want ôf te stamjen fan 'e Judeeske kening Hizkía).
Wat de eigentlike tekst oangiet, dêrfan leauwe frijwat bibelwittenskippers dat dy grutdiels út it postmonargyske tiidrek (nei 586 f.Kr.) datearret, miskien wol pas fan om it jier 200 f.Kr. hinne, en dus net skreaun wêze kin ûnder it regear fan Josjía (reg. 641-609 f.Kr.). Fjouwer mooglikheden om dizze tsjinstridichheid te ferklearjen binne: a) dat de bibelwittenskip mis is en dat in persoan, mooglik de profeet Sefanja, de wurden út it boek Sefanja wol deeglik profetearre hat ûnder it regear fan kening Josjía; b) dat in skriuwer út it postmonargyske tiidrek de namme fan 'e monargyske profeet Sefanja oannommen hat om syn eigen boadskip oannimliker te meitsjen; c) dat yn algemiene sin it boadskip fan 'e josjianyske profeet Sefanja ferkundige wurdt troch de wei fan in boek dat yn it postmonargyske tiidrek skreaun is; of d) dat de namme fan 'e profeet Sefanja, itsij ûnder it regear fan kening Josjía, itsij yn it postmonargyske tiidrek, foar retoaryske doelen as sprekbuis brûkt is. Om't foar de earste beide mooglikheden alhiel gjin bewiis is, binne de lêste beide it wierskynlikst.
Ynhâld
bewurkje seksjeIt boek Sefanja kin opdield wurde yn fjouwer stikken. It set útein (Sef. 1:2-2:3) mei in profesije tsjin Jeruzalim en it keninkryk Juda, wêryn't it oardiel fan God oer stêd en lân oankundige wurdt. Dan (Sef. 2:4-15) folget in oankundiging fan itselde soarte, fan it godsoardiel oer de oanbuorjende folken: de Filistinen, de Moäbiten, de Ammoniten, de Assyriërs en, frjemd genôch, de Etiopiërs (de Nije Fryske Bibeloersetting jout hjirby as taljochting: "dy hienen yn dy tiid de macht yn Egypte"; yn dat gefal sille grif de Nubiërs bedoeld wêze). It trêde part fan Sefanja (Sef. 3:1-8) is in nij orakel fan it ûnk en wee dat oer Jeruzalim komme sil, en de profeet beslút (Sef. 3:9-20) mei in optein ûnthjit dat der nei Gods bestraffing bettere tiden komme sille foar de Joaden.
It sintrale tema fan Sefanja, dat de nochal útinoar rinnende dielen mei-inoar ferbynt, is de "dei fan 'e Heare", dy't ek weromkomt by oare joadske profeten, lykas Jesaja, Amos en Joël. It is de tiid wêrop't God einlings en te'n lêsten syn nocht hawwe sil fan 'e ferkeardens dêr't de Joaden har ta ferliede litten hawwe. Dan sil er rjochtdei hâlde oer sawol syn eigen folk as de oare folken, en syn bestraffings sille net myld wêze. Mar men kin dernei útsjen dat der neitiid in bettere tiid oanbrekke sil.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Sef. 3:14-19 út. De earste folsleine útjefte fan Sefanja stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Sefanja waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |