Bernard Smilde
Bernard Smilde (It Hearrenfean, 23 jannewaris 1922 - Ljouwert, 30 augustus 2014) wie in frisiast, teolooch en predikant yn de grifformearde tsjerken, musikolooch/komponist en tekstdichter.
Bernard Smilde | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Bernard Smilde | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 jannewaris 1922 | |
berteplak | It Hearrenfean (Fryslân) | |
stoarn | 30 augustus 2014 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk, Noardfrysk, Nederlânsk | |
sjenre | poëzij, hymnen, non-fiksje, oersettings | |
bekendste wurk(en) |
Nije Fryske Bibeloersetting | |
prizen | Gouden Fioeltsje 1992 Fryske Anjer 2006 | |
jierren aktyf | 1956 – 2014 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Biografy
bewurkje seksjeFan jongs ôf oan waard hy mei de muzyk grutbrocht, hy studearre fan 1961 oant 1964 oan it "Stedelijk Muzieklyceum Groningen" by C.J. von Gleich en Fr. van Eeden. Yn 1965 waard dy stúdzje ôfsletten mei it steatseksamen Muzykskiednis B. Yn 1979 die er syn doktoraaleksamen Teology oan de Ryksuniversiteit Grins mei as byfak Muzykwittenskip by dr. P. op de Coul. Smilde promovearre yn 1986 oan de Teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins ta doktor yn de Teology.
Smilde wie dûmny yn Achlum (1949-1953), Garyp (1953-1958), Grootegast (1958-1964), De Gordyk (1964-1967) en Burgum. Hy wurke sûnttiids yn Ljouwert as redaksjesekretaris fan de Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersetting. Hy wurke ek as oersetter mei oan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978), wêrby't er de boeken Numeri, 1 en 2 Kroniken, Jesaja, Jesaja, Ezechiël, Hoséa, Joël, Amos, Obadja, Jona, Obadja, Nahum, Habakuk, Sefanja, Haggai, Sacharja en Maleächy fertaalde. Sûnt dosearret 1965 er oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Mei yngong fan 1 jannewaris 1975 waard er beneamd ta koördinaasjesekretaris by it Nederlânsk Bibelgenoatskip foar de oersetting fan de bibel yn ienfâldich Nederlânsk. Smilde ublisearre artikels (foar ûnder oare it Frysk Deiblêd, preken en sette 65 psalmen en 140 gesangen oer foar it Frysk Lieteboek foar de Tsjerken (1975). Ek komponearre er koarwurken, kantates en lieten.
Mei syn sweager Atze Bosch (1927-2011) makke er in soad lietteksten en oersettingen. Yn 1993 ferskynde by Intrada ûnder de namme Sjonge by de Bibel in grutte samling bernebibellieten. Tegearre mei Bosch kaam de lietebondel winterreis (winterreisse) út, de bondel bestiet út 24 lieten op tekst fan Wilhelm Müller ( 1794-1827) en toanset troch Franz Schubert (1797-1828). Smilde makke ûnder oare ek de sjongbondels Sjongenderwize en Gloria in Excelsis.
Begjin 2012 ferskynde by de KFFB it boek It jier bylâns. It boek is in bondel preken foar ûnder oare advint, Krysttiid en Peaske. Yn dat selde jier waard Smilde 90 jier. Jan Breimer en dr. Jan Dirk Wassenaar, dy't in soad mei him gearwurke hawwe, woene Smilde dêrom yn it sintsje sette. Dat diene se mei it boek Dr. Bernard Smilde: tûzenpoat en trochsetter. It boek kaam út ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy en waard útjûn by de Protestanse Pers/Uitgeversgroep Jongbloed Hearrenfean. Yn dy mânske bondel steane fyftjin bydragen fan skriuwers oer ûnderwerpen dy't Smilde by de ein hân hat. It jier bylâns en Dr. Bernard Smilde: tûzenpoat en trochsetter waarden op sneon 28 jannewaris 2012 presintearre yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert.
Op 30 augustus stoar Smilde yn syn wenplak Ljouwert.
Wurk
bewurkje seksje(ûnfolslein)
- Di naie Däi (preken yn it Noardfrysk, 1956)
- Sjonge by de Bibel (1993, mei Atze Bosch)
- Winterreis (winterreisse) (mei Atze Bosch)
- Gloria in Excelsis
- Sjongenderwize
- It jier bylâns (2012)
Prizen
bewurkje seksje- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1977)
- Muzykmaskelyn Omrop Fryslân (1992)
- Gouden Fioeltsje (1992)
- Earepeinje Fryske Akademy (1996)
- Fryske Anjer (2006)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|