Atze Bosch (Achlum, 15 novimber 1927 - It Hearrenfean, 20 desimber 2011), wie in Frysk dichter en oersetter fan fral geastlike lieten.

Bosch kaam fan Achlum en gie nei de HTS yn Ljouwert. Dêrnei ferhuze er mei syn frou nei Hilfertsom, hy soe doe wurkje foar Philips yn Huizen. Se krigen gjin bern. Nei syn pinsjoenyn 1987 kaam er werom nei Fryslân en sette er him te wenjen op It Hearrenfean. Doe't er wat mear tiid om hannen hie, begûn er mear te skriuwen; it skriuwen hie winliken foar him altiten al in hobby west. It oersetten wie al wat begûn doe't se noch om utens wennen. Hy makke doe oersettingen foar it Fryske sjongkoar dêr't hy en syn frou by wiene.

Mei syn sweager Bernard Smilde makke er in grut tal bernebibellieten; dy ferskynden yn 1993 by Intrada ûnder de namme Sjonge by de Bibel. Foar dat boek sette Atze Bosch mear as hûndert lietteksten oer of skreau op tema’s út it Alde en Nije Testamint. Bosch wurke ek mei oan de tsjerkelietebondel 'Tuskentiden' fan 2006, hy levere 54 teksten. Yn 2008 kaam de bondel Wylde Goes, lieten út Glasgow en Iona út, in lietebondel mei oersettingen fan Bosch. Yn 2009 ferskynde by de KFFB syn earste dichtbondel, it hie de namme 'Alles op syn tiid'. Neist it dichtsjen wie it oersetten ek tige wichtich foar Bosch, hy die altiten mei oan de workshops dy't it eardere FLMD en lettere Tresoar organisearren. Hy makke fan in tal bekende Nederlânske gedichten in Fryske oersetting, dy't ûnder oare ferskynden by literêr tydskrift Farsk. Atze Bosch wurke ek mei oan de trijetalige blomlêzing út it wurk fan Gysbert Japix yn 2003 en levere bydragen foar de foardrachtskriichbondels 'Fersefariaasje'.

Bosch regearre faak op oproppen om gedichten te skriuwen. Hy die dat bygelyks doe't Eppie Dam frege om in fers te skriuwen oer in plak dêr't je wat mei hawwe, Bosch makke doe it fers Ieslumbuorren oer Achlum. Utjouwerij Frysk en Frij joech yn 1996 in temabondel út mei gedichten op it tema 'stilte', de bydrage fan Bosch wie it gedicht 'Nul decibel'. Begjin 2011 waard der in wedstryd útskreaun om nije Fryske wurden te betinken, Bosch stjoerde ek in wurd yn. Hy wûn doe de earste priis mei syn fynst 'hipperhapke'. Guon gedichten fan Bosch waarden troch Grytsje Kingma op muzyk set.

Yn 2012 ferskynde fan de hân fan de oersettersgroep fan it Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) in oersetting fan lieten foar it nije Lieteboek foar de Tsjerken. Bosch wie ek tige warber by dy útjefte, hy makke tegearre mei Grytsje Kingma oersettingen út de Evangelyske Lietbondel. Bosch hat dy útjefte net mear meimakke, hy ferstoar op 20 desimber 2011.

Yn novimber 2012 ferskynde postúm de twadde dichtbondel fan Bosch by de KFFB, Neilêzing. De bondel waard gearstald troch in kommisje besteande út Janke Feenstra, Grytsje Kingma en Bernard Smilde.

(ûnfolslein)

  • 2009 – Alles op syn tiid
  • 2012 – Neilêzing
  • 1993 – Sjonge by de Bibel (mei Bernard Smilde)
  • 19?? – Winterreis (winterreisse) (mei Bernard Smilde)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: