It Nije Testamint (Latyn: Novum Testamentum; Gryksk: Ἡ Καινὴ Διαθήκη, Hē Kainḕ Dhiathḗkē), inkeld ek wol it "Nije Ferbûn" neamd, is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't nei it Alde Testamint it twadde part fan 'e Bibel foarmje. Hoewol't de Bibel it hillige boek is fan sawol it joadendom as it kristendom, wurdt it Nije Testamint útslutend erkend troch de kristenen, dy't der op syn minsten likefolle wearde oan hechtsje as oan it Alde Testamint. De feitlike datearring fan 'e geskriften is dreech, mar algemien wurdt oannomd dat se yn 'e 1e en/of de 2e iuw nei Kristus ûntstien binne, mar net letter as om it jier 150 hinne. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Koine-Gryksk, dat de miene sprake wie yn it eastlik bekken fan 'e Middellânske See fan 'e feroverings fan Aleksander de Grutte ôf oant de oergong nei it Byzantynsk-Gryksk oan it begjin fan 'e sânde iuw. De earste Fryske oersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1933, tsien jier foar't der in folsleine Fryske bibeloersetting reekaam.

Nije Testamint
algemiene gegevens
oarspr. titel Ἡ Καινὴ Διαθήκη
("Hē Kainḕ Dhiathḗkē")
auteur ferskaat
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun 1e2e iuw n.Kr.
bondel Bibel
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Nije Testamint
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Ynhâld bewurkje seksje

It Nije Testamint is in bondel fan tsientallen wurken fan kristlike synjatuer, dy't op ûnderskate tiden troch ûnderskate skriuwers fêstlein binne. Se wurde tradisjoneel taskreaun oan 'e lju dy't de iere dissipels wiene fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, al binne guon teksten oanwiisber fan lettere datearring.

It Nije Testamint bestiet út 'e fjouwer parallelle kanonike evangeeljes, dy't fertelle oer it libben en hanneljen fan 'e kristlike ferlosser of messias Jezus Kristus; de Hannelingen fan 'e Apostels, wêryn't de skiednis fan 'e iere kristenen en it preekjen fan it kristendom troch de apostels beskreaun wurdt; 21 brieven (14 fan Paulus, 3 fan Jehannes, 2 fan Petrus en 1 elkmis fan Jakobus en Judas), dy't besteane út kristlike leare, rie, ûnderrjocht en it oplossen fan in soad foarkommende swierrichheden; en de Iepenbiering fan Jehannes, dy't op profetyske wize de ein fan 'e tiden foarseit.

Kanon bewurkje seksje

Bondels fan besibbe teksten, lykas de Brieven fan Paulus (wêrfan't de wichtichste samling al yn 'e iere twadde iuw makke wêze moat) en de fjouwer kanonike evangeeljes (dy't oan 'e ein fan 'e twadde iuw alle oare evangeeljes al grutdiels ferkrongen lykje te hawwen), waarden stadichoan yn in ferskaat fan kombinaasjes gearfoege mei oare bondels en ienlike wurken. Sa ûntstiene de earste kanons fan algemien erkende teksten. Meitiid krongen guon omstriden boeken en bondels, lykas de Iepenbiering fan Jehannes en de Algemiene Seinbrieven, troch yn sokke kanons dêr't se tenearsten net ta heard hiene. Oare wurken, dy't oarspronklik as kanonyk erkend wiene, lykas 1 Klemins, De Hoeder fan Hermas en de Diatessaron, waarden weilitten út it Nije Testamint. Al mei al bliuwt de yndruk efter dat der troch de tsjerkfaars mar in frij willekeurige greep út it grutte ferskaat oan teksten dien is om it Nije Testamint gear te stallen. Lykwols moat men fêststelle dat de nijtestamintyske kanon fan 27 boeken binnen it kristendom frij algemien erkend wurdt, wylst der tusken de ûnderskate kristlike denominaasjes grutte ûnienichheid bestiet oer de gearstalling fan 'e kanon fan it Alde Testamint.

Boeken fan it Nije Testamint bewurkje seksje

Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Nije Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978.

Yn hast alle hjoeddeiske kristlike tradysjes bestiet it Nije Testamint út dizze 27 boeken. Utsûnderings binne de kanons fan 'e lutherske tsjerken en dy fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke. Om't Marten Luther it Brief oan de Hebreeërs, it Brief fan Jakobus, it Brief fan Judas en de Iepenbiering fan Jehannes as apokryf beskôge, wurde dy boeken yn 'e lutherske Bibel noch altiten los fan 'e kanon byinoar yn in aparte taheakke hielendal efteroan it Nije Testamint ôfdrukt. De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke erkent njonken de boppesteande 27 boeken ek noch de teksten Ser'atä Seyon, Te'ezaz, Gessew, Abtelis, 1 Ferbûn, 2 Ferbûn, Klemins (Etiopysk) en Didascalia (Etiopysk), en komt dêrmei op in totaal fan 35 boeken.

 
De apostel Paulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de iuw. (De measte saakkundigen miene dat Paulus syn brieven eins oan in klerk diktearre.)

Fierders hâlde de protestantske tsjerken, de Roomsk-Katolike Tsjerke, de eastersk-otterdokse tradysje en ferskate oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Syrysk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke) allegearre harren eigen oardering fan 'e boeken fan it Nije Testamint oan.

Apokrife teksten bewurkje seksje

Yn it Nije Testamint binne net opnommen û.m. de folgjende boeken (dy't de lêste jierren, nei twatûzen jier yn 'e ferjitnis omdoarme te hawwen, wer mear omtinken krije):

Ynterpretaasje fan it Nije Testamint bewurkje seksje

It Nije Testamint foarmet fierhinne de grûnslach fan it kristlik leauwe, al wurdt dêrnjonken ek it Alde Testamint beskôge as "it Wurd fan God". Mar it Nije Testamint is yn it foarste plak in saneamde Heilsgeschichte, oftewol in ferlossingsferhaal; it behannelet eksplisyt de ferlossing fan 'e sûndige minske troch de messias Jezus Kristus. Sadwaande is it de kearn fan 'e kristlike leare en is it ornaris (yn syn gehiel of foar in part) it earste ûnderdiel fan 'e Bibel dat yn eltse nije taal oerset wurdt. It tsjinnet as de wichtichste boarne foar de kristlike teology en hat troch de iuwen hinne tige by tige syn ynfloed jilde litten op net inkeld religieuze, filosofyske en politike bewegings yn 'e kristlike wrâld, mar ek in ûnútwiskber stimpel neilitten op 'e literatuer, keunst en muzyk út kristlike lannen.

Fryske oersetting bewurkje seksje

De earste Fryske oersettings út it Nije Testamint betroffen fragmintaryske passaazjes yn Aldfryske rjochtsteksten út 'e Midsiuwen (benammentlik Mattéus 6:9-13, it Us Heit). De earste fertaling fan in hiel haadstik (Mattéus 6) ferskynde yn 1802, yn Everwinus Wassenbergh syn Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan it Hylpersk besibbe en letter útstoarne Molkwarder dialekt). Oare fragmintaryske oersettings folgen, oant dû. Waalke van Borssum Waalkes om 1860 hinne as earste ien fan 'e evangeeljes yn syn gehiel oersette (it Evangeelje fan Markus). It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn 1933, yn 'e fertaling fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma. Nei't yn 1943 ek harren Alde Testamint ferskynd wie, makke dat ûnderdiel út fan 'e earste folsleine Fryske bibeloersetting. Fan 1966 ôf waard der wurke oan in totaal nije bibelfertaling, dy't yn 1978 ferskynde as de Nije Fryske Bibeloersetting. Dy is noch altiten yn gebrûk, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. Lykwols kaam der yn 1994 in nije evangeeljefertaling út fan Wybren Jan Buma e.o., ûnder de titel De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
  • De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske, Ljouwert, 1994, ISBN 9 07 49 18 093.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus