Fragen fan Ezra
De Fragen fan Ezra is in koarte kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dy't no algemien as apokryf beskôge wurdt. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske preester Ezra, mar is eins fan folle letter datum, en kin ta foarbyld tsjinje oangeande hoe't kristlike skriuwers op 'e apokalyptyske literatuer fan it joadendom fuortborduere hawwe. De âldste oerlevere ferzje is in Armeensktalich manuskript út 1208. Fanwegen de beheindens fan 'e tekst is it ûnmooglik om 'e taal fan it orizjineel of de oarsprong derfan te bepalen, en in betroubere datearring kin likemin makke wurde. Bûten de Armeensk-Otterdokse Tsjerke hat dit geskrift gjin ynfloed hân.
Fragen fan Ezra | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | ûnbekend | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend |
De Fragen fan Ezra liket besibbe te wêzen mei de krektlyk apokrife teksten Ezra (Latyn) en de Grykske Iepenbiering fan Ezra. It is skreaun yn 'e foarm fan in dialooch tusken Ezra en in ingel fan God oer it lot fan 'e minsklike siel nei de dea. It geskrift jout û.m. in beskriuwing fan 'e troan fan God, omjûn troch in legermacht oan ingels, al is dêrby sterk de klam lein op 'e ûnmooglikheid fan it sjen fan Gods antlit. Teffens wurdt yn 'e Fragen fan Ezra neamd dat it foar de libbenen mooglik is om troch gebed de sielen fan 'e ferstoarnen út 'e hannen fan 'e duvel te rêden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |