Grykske Iepenbiering fan Daniël
De Grykske Iepenbiering fan Daniël is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e Joadske profeet en foaroanman Daniël, dat eins yn it Gryksk yn 'e njoggende iuw skreaun is yn it Byzantynske Ryk, hoewol't it wol kâns hat dat der tekstfragminten yn opnommen binne dy't fan iuwen earder datearje. De Grykske Iepenbiering fan Daniël, dy't net betize wurde moat mei de sânde-iuwske Syryske Iepenbiering fan Daniël of de tolfde-iuwske Hebriuwske Iepenbiering fan Daniël, waard werûntdutsen yn 'e njoggentjinde iuw. It kin ferdield wurde yn twa parten. Yn it foarste diel (Iep.f.Dan. 1-7) wurdt de Byzantynsk-Arabyske Oarloch fan 'e achtste iuw en de kroaning fan Karel de Grutte yn foarsein. It oarde diel (Iep.f.Dan. 8-14) foarmet in beskriuwing fan 'e karaktereigenskippen fan 'e Antykrist.
Grykske Iepenbiering fan Daniël | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Gryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 9e iuw |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |