Geheime Boek fan Ezechiël
It Geheime Boek fan Ezechiël is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e joadske profeet Ezechiël, dat inkeld fragmintarysk oerlevere is yn sitaten yn wurken fan kristlike tsjerkfaars as Epifanius fan Salamis, Klemins fan Rome, en Klemins fan Aleksandrië. Fierders is der ek in stikje fan bewarre bleaun op 'e saneamde Chester Beatty Papyry 185. De measte saakkundigen binne fan tinken dat it skreaun wêze moat tusken 50 f.Kr. en 50 n.Kr., hoewol't guon it tichter by it jier 70 datearje.
Geheime Boek fan Ezechiël | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 50 f.Kr. – 70 n.Kr. |
It wiidweidichste fragmint ferhellet oer in kening dy't in feestmiel hâldt, wêrfoar't er al syn ûnderdienen útnûget, útsein twa bidlers, in bline en in lamme. Dy beide mannen binne fansels misledige, en beslute wraak te nimmen op 'e kening. De lamme giet op 'e skouders fan 'e bline sitten en tegearre skansearje se de kening syn wyngerd. Mar de kening ûntdekt it, en lit har allebeide straffe. De (esotearyske) moraal fan it ferhaal soe, neffens de ferteller, wêze dat dit de weropstanning fan it lichem (nei de dea) bewiist, mei't siel en lichem tegearre funksjonearje moatte.
Pseudo-Ezechiël, in tekst dy't yn 'e tweintichste iuw yn in grot te Khirbet Qumran mank de Deade-Seerôlen ûntdutsen waard, heart mooglik ek ta it Geheime Boek fan Ezechiël, mar it soe ek in hiel oar geskrift wêze kinne; it brekme oan bewiismateriaal lit beide mooglikheden iepen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, op dizze side. |