Iepenbiering fan Sedrach
De Iepenbiering fan Sedrach is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Yn it oarspronklike Gryksk wurdt de namme yn 'e titel jûn as Sedrach, wat foar 't neist in hellenisearring fan 'e Hebriuwske foarm Šadrach (Frysk: Sadrak), de namme dy't neffens it bibelboek Daniël (om persiis te wêzen Dan. 1:7) troch de hofmaster fan 'e Babyloanyske kening Nebûkadnêzar II jûn waard oan 'e Joadske jongfeint Chananja, ien fan 'e trije selskipslju fan 'e profeet Daniël. In oare mooglikheid is dat it in ferbastering is fan Esdras, de Grykske foarm fan 'e namme fan 'e Joadske preester Ezra. Guon saakkundigen wize yn dit ferbân op 'e oerienkomsten tusken de Iepenbiering fan Sedrach en oare apokrife teksten dy't tradisjoneel oan Ezra taskreaun waarden, lykas de Grykske Iepenbiering fan Ezra.
Iepenbiering fan Sedrach | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | begjin jiertelling |
Ynhâld
bewurkje seksjeHoe dan ek, de Iepenbiering fan Sedrach, wêrfan't noch ûndúdlik is wannear't er datearre wurde moat, ferhellet hoe't Sedrach in fizioen fan 'e himel skonken wurdt. Der wurdt earst beskreaun hoe't immen dy't fan God stjoerd is, him dêrhinne bringt; en dat is nimmen oars as Jezus Kristus. Hoewol't de tekst troch dit en oare eleminten in kristlik ferniske jûn is, liket it oarspronklik in joadsk geskrift west te hawwen, dat pas letter troch in kristlike redakteur bewurke is. De namme fan Jezus liket hjir dan ek gewoan yn it plak skreaun te wêzen fan dy fan ien fan 'e aartsingels.
Oars as yn oare joadske iepenbieringsteksten komme yn 'e Iepenbiering fan Sedrach ferskate etyske kwestjes op 't aljemint, yn it bysûnder boetedwaning en de genede fan God. En hoewol't dit sjenre gauris in bittere toan hat, wurdt God hjir omskreaun as geduldich en der begearich nei om 'e minsken te helpen de goede kar te meitsjen, en om harren hiderkear wer nei berou ferjouwing te skinken foar harren misstappen, wylst frije wil hjir in geskink út goedens is ynstee fan in gemiene streek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |