Geheime Boek fan Jakobus
It Geheime Boek fan Jakobus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Jakobus, de broer of healbroer fan Jezus (of mooglik ûnder de namme fan Jakobus de Rjochtfeardige), dat yn 'e regel datearre wurdt yn 'e twadde iuw, om sekuerder te wêzen de earste helte fan 'e twadde iuw. It Geheime Boek fan Jakobus jout in beskriuwing fan 'e geheime lear dy't Jezus Petrus en Jakobus bybrocht nei syn weropstanning út 'e dea, mar foar syn himelfeart. It is oerlevere yn ien inkeld skansearre manuskript dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. Hoewol't de tekst in Koptyske oersetting út it Gryksk liket te wêzen, hâldt de wiere, anonime skriuwer yn 'e tekst sels út dat er it wurk yn it Hebriuwsk skreaun hat.
Geheime Boek fan Jakobus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk (?) | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 – 150 n.Kr. |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt Geheime Boek fan Jakobus hat de foarm fan in brief fan Jakobus oan immen waans namme oft troch de skea oan it manuskript net mear te lêzen is. De auteur wol hawwe dat Jezus 550 dagen nei syn weropstanning, mar foàr syn himelfeart (wat net strykt mei it tiidsferrin sa't dat beskreaun wurdt yn 'e bibelske kanon) geheime kennisse skonk yn in petear mei Petrus en Jakobus, mar dat inkeld Jakobus him begriep. De tekst liket net in protte mei de kanonike evangeeljes gemien te hawwen. In wichtich tema út it Geheime Boek fan Jakobus is dat men lijen akseptearje moat as eat dat net te mijen falt. Al mei al hinget it gekrift wat oer nei it gnostyske, mar kin it yn gjin inkele gnostyske sekte thúsbrocht wurde, en wurdt it sadwaande troch party saakkundigen hielendal net as in gnostysk geskrift beskôge. Opfallend is dat Jakobus omskreaun wurdt as dejinge dy't nei de himelfeart de oare apostels útstjoerd, wêrmei't oanjûn wurdt (sa't ek yn guon oare apokrife dokuminten it gefal is) dat Jakobus yn 't earstoan Jezus opfolge as lieder fan 'e kristlike beweging. Fierders liket it ramtferhaal dat foarme wurdt troch it brief, los te stean fan 'e rest fan 'e tekst, wat suggerearret dat it oarspronklik miskien selsstannige geskriften west hawwe, dy't neitiid oaninoar fêst redigearre binne.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|