Pseudo-Ezechiël
Pseudo-Ezechiël is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is ek bekend ûnder de namme 4Q Pseudo-Ezechiël en der wurdt yn âldere boarnen wol nei ferwiisd as 4Q 2 Ezechiël. It is in fragmintarysk Hebriuwsktalich pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske profeet Ezechiël, dat mids tweintichste iuw fûn is yn Grot 4 te Qumran, as ûnderdiel fan in skat oan âlde manuskripten dy't de Deade-Seerôlen neamd wurde. It wie oant de ein fan 'e jierren tachtich sels yn wittenskiplike fermiddens frijwol ûnbekend, en waard pas publisearre yn 2001. Sûnt hat Pseudo-Ezechiël him ûntjûn ta ien fan 'e meast kontroversjele fynsten fan 'e iere ienentweintichste iuw. De tekst bestiet, ynsafier't er oerlevere is, út seis fragminten: 4Q385, 4Q385b, 4Q385c, 4Q386, 4Q388 en 4Q391. It lêste fragmint, 4Q391, ferskilt fan 'e oare fiif, meidat it fan 'e ein fan 'e twadde iuw f.Kr. datearret, en dêrmei op syn minsten hûndert jier âlder is. De oare fiif fragminten lykje lettere kopyen te wêzen fan 'e oarspronklike tekst dêr't 4Q391 ienris diel fan útmakke hat.
Pseudo-Ezechiël | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend |
Ynhâld
bewurkje seksjeHoewol't 4Q385c sa goed as ûnlêsber is, en de oare fiif stikken der ek min oan ta binne, kinne der dochs, alles mei-inoar, fjouwer oant seis kolommen tekst út distillearre wurde, mei hjir en dêr wat oerlaping tusken de ferskate fragminten. Utsein it oerdúdlike trochrinnen fan Kolom 1 yn Kolom 2 is it net bekend hoe't de stikken yninoar past wurde kinne, hoewol't saakkundige Devorah Dinant, dy't de tekst yn 2001 publisearre, suggerearret om 'e folchoarder fan 'e oerienkomstige foarfallen yn it bibelboek Ezechiël hjirfoar as basis te brûken.
De tekst liket in petear te wêzen tusken Ezechiël en God, dat úteinset mei it ûnthjit fan God dat it drûge biente werrize en wer oaninoar befêstige wurde sil om fannijs it keninkryk Israel te foarmjen. De ûnbekende skriuwer fan Pseudo-Ezechiël hat hjirby Ezechiël 37 as boarne brûkt, mar wylst de werrizenis fan Israel yn Ezechiël 37 byldspraak is foar in nasjonale restauraasje, giet it yn Pseudo-Ezechiël oer de letterlike werrizenis fan Israels fromme deaden. Dizze passaazje wurdt folge troch in profesije dat in "soan fan Belial" komme sil om 'e Israeliten te ûnderdrukken, mar dat er ferslein wurde sil en syn bewâld teneate dien. Yn 'e oare fragminten freget Ezechiël God oft dy de tiid net flugger foarby gean litte kin, dat Israel gauwer it Unthjitten Lân wer yn besit nimme kin. Ek is der in ferdwaald stikje dat it tema werrizenis bemimeret, folge troch in beskriuwing fan 'e Merkaḇah, de striidwein fan God, dy't yn Ezechiël 1 neamd wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |