5 Makkabeeërs
5 Makkabeeërs is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is inkeld oerlevere yn it Arabysk, en wurdt sadwaande ek wol Arabyske Makkabeeërs of 2 Makkabeeërs (Arabysk) neamd. De oantsjutting "5 Makkabeeërs" waard foar it earst brûkt yn in wittenskiplik artikel út 1832, en is sûnt frij algemien wurden.
5 Makkabeeërs | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk (?) | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 70 – 100 n.Kr. |
Oarsprong
bewurkje seksjeDe oarspronklike tekst fan 5 Makkabeeërs moat yn it Hebriuwsk skreaun wêze, sa't te sjen is oan it grutte tal hebraïsmen yn 'e Arabyske oersetting. Om't der lykwols gjin inkeld fragmint fan sa'n Hebriuwsk orizjineel oerlevere is, binne guon saakkundigen fan tinken dat 5 Makkabeeërs yn it Arabysk gearstald wêze moat út ûnderskate Hebriuwske teksten. De skriuwer wie wierskynlik in joad, en it geskrift moat nei alle gedachten datearre wurde yn it lêste trêdepart fan 'e earste iuw, nei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen, yn it jier 70. Der besteane guon oerienkomsten tusken 5 Makkabeeërs en it boek Josippon, dy't mooglik te ferklearjen binne troch ûntliening fan it letter skreaune Josippon oan 5 Makkabeeërs.
Ynhâld
bewurkje seksje5 Makkabeeërs beskriuwt de skiednis fan Jeruzalim en de Joaden begjinnend mei it besykjen fan 'e Seleusidyske earste minister Heliodoarus om 'e timpelskatten te rôvjen, yn 186 f.Kr., en einigjend mei de dea fan 'e beide soannen fan Heroades de Grutte yn 6 f.Kr. It stelt net folle mear foar as in opsomming fan histoaryske foarfallen út 'e boeken 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs, oanfolle troch de oanbelangjende haadstikken út 'e skiedkundige wurken fan 'e Joadske histoarikus Flavius Josefus (37-±100). Allinnich haadstik 12 liket eigen wurk fan 'e skriuwer te wêzen, en dat tilt op fan 'e ûngerjochtichheden en planute flaters.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |