Evangeelje fan de Hebreeërs
It Evangeelje fan de Hebreeërs wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e joadsk-kristlike evangeeljes, wêrfan't de oarspronklike namme ûnbekend is, mar dat troch de tsjerkfaar Hieronymus fan Stridon "it Hebriuwske Evangeelje" neamd waard. It waard wierskynlik yn 'e earste helte fan 'e twadde iuw yn it Gryksk skreaun, en brûkt troch in kristlike mienskip fan Joadsk komôf yn Egypte. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan sitaten yn 'e wurken fan iere tsjerkfaars as Hieronymus, Klemins fan Aleksandrië en Origenes, dêr't in grut respekt út sprekt foar Jakobus, de broer of healbroer fan Jezus.
Evangeelje fan de Hebreeërs | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 – 150 n.Kr. |
Ynhâld
bewurkje seksjeHoewol't it Evangeelje fan de Hebreeërs sels net oerlevere is, bestie it neffens in list fan kanonike en apokrife wurken yn 'e njoggende-iuwske Stichometry fan Nisefoarus út 2200 regels (300 minder as it Evangeelje fan Mattéus). Op grûn fan 'e tekst fan 'e oerlevere sitaten is men fan tinken dat it Evangeelje fan de Hebreeërs kwa opbou de kanonike evangeeljes net wanlyk west hawwe moat, en dat it bestie út in ferheljende struktuer wêryn't Jezus syn doop yn 'e rivier de Jordaan, syn ferlieding troch de duvel, it Lêste Jûnsmiel en syn weropstanning út 'e dea op 't aljemint kamen. Teffens moatte der guon útspraken fan Jezus diel fan útmakke hawwe. Mear as dat by de kanonike evangeeljes it gefal is, waarden de foarfallen út it libben fan Jezus presintearre yn in synkretistysk joadsk-kristlik ramt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en Further Reading, op dizze side. |