Joadsk-kristlike evangeeljes
De joadsk-kristlike evangeeljes wiene kristlike evangeeljes, dy't al yn 'e Aldheid algemien as apokryf beskôge waarden, en dy't folle mear op 'e joadske tradysje stipen en deroan fêstholden as de kanonike evangeeljes of de gnostyske evangeeljes diene. Hoewol't net ien fan 'e joadsk-kristlike evangeeljes oerlevere is, kin op grûn fan in stik as fyftich sitaten yn 'e geskriften fan tsjerkfaars as Klemins fan Aleksandrië, Origenes, paus Eusebius, Epifanius en Hieronymus fêststeld wurde dat der teminsten trije west hawwe moatte, ien yn it Arameesk of Hebriuwsk, en twa yn it Gryksk. Der is besocht om dy teksten te rekonstruëarjen út 'e neamde sitaten. As autoriteit wurdt dêrby beskôge de Dútske teolooch Wilhelm Schneemelcher (1914-2003), dy't de joadsk-kristlike evangeeljes sa yndielde:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side. |