Twadde Traktaat fan de Grutte Set
It Twadde Traktaat fan de Grutte Set is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in gnostysk geskrift dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. It datearret út 'e trêde iuw, en is it wurk fan in anonime skriuwer. De ferwizing nei Set, de Egyptyske god fan 'e woastyn, stoarmen en gaos (of mooglik nei Set, de trêde soan fan Adam en Eva), komt nearne yn 'e tekst oan 'e oarder, en it hoe en wêrom fan 'e titel is dan ek noch altyd in riedsel.
Twadde Traktaat fan de Grutte Set | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 3e iuw |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt Twadde Traktaat fan de Grutte Set hâldt út dat Jezus Kristus net troch krusiging stoar, sa't de kanonike evangeeljes sizze, mar dat syn plak oan it krús ynstee by fersin ynnommen waard troch Simon fan Syrene, de man dy't neffens de synoptyske evangeeljes troch Romeinske soldaten ronsele waard om Jezus syn krús nei de heuvel fan Golgota te dragen doe't Jezus dat sels net mear oprêde. De tekst liket fierders in dosetistyske kristology út te dragen, wêrby't de weropstanning fan Jezus út 'e dea inkeld in weropstanning fan 'e geast wie (en net ek fan it lichem, sa't de otterdokse tsjerkelear hawwe woe). Dejingen dy't leauden dat Jezus oan it krús stoarn en fysyk opstien wie út 'e dea, wurde omskreaun as de folgelingen fan "in lear fan in deade". It Twadde Traktaat jout dúdlik blyk fan 'e minachting dy't de ynwijden fan 'e geheime lear (gnosis) fielden foar de (mearderheid fan 'e) kristenen dy't neffens harren net begriepen hoe't de wierheid yninoar siet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |