Hannelingen fan Paulus
De Hannelingen fan Paulus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in yn it Gryksk steld pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dat yn 'e regel datearre wurdt om it jier 160 hinne. It beskriuwt Paulus syn sindingsreizen, mar dêrby ferlit de anonime skriuwer (neffens Tertullianus in preester út Lyts-Aazje) him net op 'e kanonike Hannelingen fan de Apostels, dy't grutdiels itselde ûnderwerp behannelje, mar op mûnling oerlevere tradysjes. Tegearre mei de Hannelingen fan Barnabas wurdt dizze tekst beskôge as wichtichste fan 'e apokrife Hannelingen.
Hannelingen fan Paulus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±160 n.Kr. |
Ofwizing troch de Tsjerke
bewurkje seksjeDe Hannelingen fan Paulus waard it earst oanhelle troch de tsjerkfaar Tertullianus, dy't it in kettersk geskrift fûn om't it froulju oanmoedige om te preekjen en te dopen. Oaren, lykas Hippolytus, beskôgen de tekst lykwols as otterdoks kristlik, en it hat sûnder mis in anty-gnostyske toansetting, wylst it de wichtigens fan in selibatêr libben beklammet. Uteinlik waard it troch de Tsjerke ta ketterij ferklearre om't it yn gebrûk kaam ûnder de oanhingers fan it manigeïsme.
Opbou
bewurkje seksjeDe Hannelingen fan Paulus waard ferlern waand oant der in Koptyske ferzje fan 'e weromfûn waard. Dy ûntdekking hat bewiisd wat wittenskippers al fermoeden, nammentlik dat de tekst opboud is út 'e Hannelingen fan Paulus en Tekla, it Brief fan de Korintiërs oan Paulus, it Tredde Brief oan de Korintiërs en it Martelderskip fan Paulus (wêryn't Paulus oan syn ein komt ûnder de kristenferfolgings fan 'e Romeinske keizer Nearo). Al dy dielen binne selsstannich oerlevere, mar saakkundigen binne it deroer iens dat se oarspronklik ûnderdiel foarmen fan 'e Hannelingen fan Paulus. Dêrnjonken moatte der noch in pear koartere ferhalen ta heard hawwe, dy't inkeld oerlevere binne yn 'e foarm fan fragminten út 'e trêde en de fyfde iuw, te witten: De Genêzing fan Hermokrates fan Wettersucht en De Striid fan de Efezyske Bisten.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Actapauli (in webside wijd oan 'e ynternasjonale wittenskiplike diskusje oer de Hannelingen fan Paulus)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |