Evangeelje fan Mattias
It Evangeelje fan Mattias is in ferlern giene, algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wie nei alle gedachten in pseudepigrafysk geskrift, dat taskreaun waard oan 'e apostel Mattias (dy't nei de himelfeart fan Jezus Kristus keazen waard om 'e ferrieder Judas Iskariot te ferfangen; sjoch: Hannelingen fan de Apostels 1:15-26).
Evangeelje fan Mattias | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbkend (ferlern gien) |
It Evangeelje fan Mattias wurdt neamd yn 'e wurken fan tsjerkfaars (wêrûnder Klemins fan Aleksandrië, Origenes, Hieronymus fan Stridon en paus Eusebius), mar is net oerlevere. Der bestiet te min bewiismateriaal om útmeitsje te kinnen oft de krektlyk ferlern giene Tradysjes fan Mattias ien en deselde tekst wie of net.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |