Lieten foar it Sabbatsoffer
De Lieten foar it Sabbatsoffer, ek wol bekend ûnder de namme fan 'e Liturgy fan de Ingels, is in rige fan trettjin algemien as apokryf beskôge religieuze lieten, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, ien foar elkmis fan 'e trettjin sabbatten fan 'e joadske kalinder. Se binne fragmintarysk oerlevere yn njoggen manuskripten dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Deade-Seerôlen en dy't fûn binne te Qumran (4Q400-4Q407 en 11Q17). In oare kopy is ûntdutsen te Masada. De Lieten foar it Sabbatsoffer binne dreech te datearjen, mar tocht wurdt oan likernôch 100 f.Kr. Hoewol't de boekrôlen dy't te Qumran fûn binne ornaris assosjearre wurde mei guon joadske sekten, lykas de essenen, lykje de Lieten foar it Sabbatsoffer gjin sektaryske ynhâld te hawwen. Boppedat bewiist it eksimplaar dat te Masada fûn is, dat dizze tekst ek yn oare mienskippen brûkt waard.
Lieten foar it Sabbatsoffer | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | hymnen | |
skreaun | 100 f.Kr. (?) |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Lieten foar it Sabbatsoffer beskriuwe de ferearing fan God troch syn ingels yn 'e himel. De lieten lykje ferdield wurde te kinnen yn trije gruttere seksjes: 1-5, 6-8 en 9-13. De earste seksje is tige skansearre oerlevere, mar liket wijd te wêzen oan 'e beskriuwing fan 'e himelske preesters (de foargongers ûnder de ingels) en harren foarm fan earetsjinst. De twadde seksje giet oer de lofprizings en seinigings dy't God troch de sân oarders fan 'e ingels tasongen wurdt. De slotseksje jout in omskriuwing fan 'e himelske timpel, de troanseal en de troan (merkaḇah) fan God.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |