Hannelingen fan Andréas en Mattias
De Hannelingen fan Andréas en Mattias is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is oerlevere yn ferskate Latynske manuskripten, mei as folsleine titel: Acta Andreæ et Matthiæ apud Anthopophagos ("De Hannelingen fan Andréas en Mattias mank de Kannibalen"). It is in twadde-iuwske tekst mei yn 'e haadrollen de apostels Andréas en Mattias. Foarhinne waard it beskôge as in ûnderdiel fan 'e langere Hannelingen fan Andréas, mar tsjintwurdich is men fan tinken dat it dêr wierskynlik nea ta heard hat, en wurdt it ynstee as in selsstannich geskrift sjoen.
Hannelingen fan Andréas en Mattias | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw |
De Hannelingen fan Andréas en Mattias hat eins mear wei fan in roman as fan in religieus traktaat. It ferhellet mei in omhaal fan bluodderige details hoe't Mattias him mank de kannibalen bejout om it evangeelje út te dragen, mar dêr yn it tichthûs smiten wurdt. Dêrop weaget Andréas him ek yn it lân fan de kannibalen om Mattias te befrijen. It ferhaal waard, sels yn 'e Aldheid al, beskôge as in optocht teltsje sûnder lykfol hokker histoaryske wearde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op: dizze side. |