Brief fan Barnabas
It Brief fan Barnabas, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή Βαρνάβα, Epistoli Barnaba, is in algemien as apokryf beskôge tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It brief bestiet út 21 haadstikken, en is yn folsleine foarm oerlevere yn 'e Codex Sinaiticus, út 'e fjirde iuw (wêryn't it oan it Nije Testamint taheakke is), en de Codex Hierosolymitanus, út 'e alfde iuw. It Brief fan Barnabas waard tradisjoneel taskreaun oan 'e apostel Barnabas, de freon en meiwurker fan Paulus, mar inkeld ek wol oan 'e tsjerkfaar Barnabas fan Aleksandrië. Moderne bibelwittenskippers en teologen fine beide taskriuwings twifelich en in protte fan harren beskôgje de skriuwer as anonym. It Brief fan Barnabas moat net betize wurde mei it Evangeelje fan Barnabas, dat in hiel oare tekst is.
Brief fan Barnabas | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή Βαρνάβα ("Epistoli Barnaba") | |
auteur | anonimus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 70 – 130 n.Kr. |
Oarsprong
bewurkje seksjeHugo Menardus, earste bibelwittenskipper dy't him oer it Brief fan Barnabas bûgde (yn 1645) woe hawwe dat de apostel Barnabas yndie de auteur wie, en hy datearre it brief sadwaande likernôch healwei de earste iuw. Hjoed de dei is men lykwols fan tinken dat it earne tusken 70 en 130 skreaun wêze moat, mei't der in ferwizing yn stiet nei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen yn it jier 70: "Fierders seit er nochris: 'Sjoch: deselden dy't dizze timpel ôfbrieken, sille him mei eigen hannen opbouwe.' It bart. Want fanwegen harren deilisskip is er ôfbrutsen troch de fijân. En no sille de eigenste tsjinstfeinten fan 'e fijân him sels wer opbouwe." (Barn. 16:3-4). Om't der nei de Bar Kochba-opstân fan 132 gjin inkele hope mear bestien hawwe kin dat de Romeinen ea noch helpe soene by de weropbou fan 'e Timpel, moat it Brief fan Barnabas dúdlik foar dy tiid datearre wurde.
Ynhâld
bewurkje seksjeIt brief is rjochte oan (in mienskip fan) kristene heidens. It doel liket benammen te wêzen om in skieding oan te bringen tusken it him ûntjaande kristendom en it joadendom dêr't it út ûntstie. De skriuwer hâldt út dat de joaden de foarskriften dy't har troch God oplein wiene, altiten misbegrepen hawwe, en dat dêrom it Ferbûn mei God en de status fan it útkarde folk oergien is op 'e kristenen. Dêrby werynterpretearret er in grut tal wetten fan 'e Torah. It ferbod om bargefleis te iten, moat men bygelyks net letterlik nimme, mar yn oerdrachtlike sin útlizze: it is in ferbod om as bargen te libjen, want bargen gnoarje inkeld as se honger hawwe en oars binne se stil; minsken moatte dus net itselde dwaan troch inkeld te bidden as se yn noed of need ferkeare en fierders God te negearjen. Allyksa betsjut it ferbod om kninefleis te iten dat de lju har net seksueel lossinnich hâlde en drage meie, en moat it ferbod om wezelingen te iten útlein wurde as in ferbod op orale seks (in útlis dy't basearre is op 'e doedestiden rûnom besteande misfetting dat wezelingen fia de mûle pearje). It hat wol kâns dat de skriuwer fan it Brief fan Barnabas fanwegen de oplibbing fan it joadendom yn 'e iere twadde iuw en de goedgeunstige hâlding fan 'e Romeinske keizer Hadrianus dêrfoaroer de needsaak fielde om him mei dit geskrift tsjin 'e opkommende joadske ynfloed op 'e iere kristlike tsjerke oan te kantsjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |