Iepenbiering fan Paulus
De Iepenbiering fan Paulus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in fjirde-iuwsk pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dat in fizioen fan 'e himel en de hel beskriuwt. Der bestiet in Etiopyske ferzje wêryn't de Faam Marije it plak fan Paulus ynnimt as de ûntfangster fan it fizioen, dy't bekendstiet as de Iepenbiering fan de Faam.
Iepenbiering fan Paulus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 4e iuw |
De tekst moat net betize wurde mei de gnostyske Koptyske Iepenbiering fan Paulus, dat in hiel oar geskrift is.
Oerlevering
bewurkje seksjeHoewol't de Iepenbiering fan Paulus nei alle gedachten oarspronklik yn it Gryksk skreaun is, binne der net in protte Gryksktalige manuskripten fan oerlevere, en dy't al bewarre bleaun binne sitte fol weilittings. De tekst is ek oerlevere yn it Syrysk, Koptysk, Georgysk en Ge'ez (de deade tsjerketaal fan Etioopje). Dêrfan wurde de Syryske hânskriften as it betrouberst beskôge. Teffens besteane der guon ynkoarte Latynske ferzjes, dêr't de measte westerske oersettings op basearre binne.
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Iepenbiering fan Paulus liket in wiidweidige omwurking en útwreiding te wêzen fan 'e Iepenbiering fan Petrus, en is yn prinsipe in beskriuwing fan in fizioen fan 'e himel en de hel, al befettet it ek in prolooch wêryn't ferhelle wurdt hoe't de hiele skepping God oanropt om 'e sûnde fan 'e minske. Hiele passaazjes wurde hjir en dêr werhelle, wat wiist op in ûnbelearde gearstalling. De tekst is sterk moralisearjend en hâldt út dat grutskens de woartel fan alle kwea is. It einiget dermei dat Paulus God bepraat om alle sûnders yn 'e hel op snein in frije dei te jaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |