Hanneling fan Petrus
De Hanneling fan Petrus (net te betiizjen mei de Hannelingen fan Petrus, dat in hiele oare tekst is), is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in koart geskrift dat oerlevere is yn 'e fyfde-iuwske Codex Berolinensis.
Hanneling fan Petrus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 5e iuw (?) |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Hanneling fan Petrus giet oer de dochter fan 'e apostel Petrus, dat oars in tsjep jongfaam is, mar fan wa't de iene side fan har lichem alhiel te teskronfele en ferlamme is. As in mannichte lju, mei dêrûnder withoefolle blinen, dôven en lammen dy't troch Petrus genêzen binne, witte wol wêrom't er syn eigen dochter net better makket, fertelt er harren dat it fanke sûn berne wie, mar dat se sa kreas fan stal wie, dat mannich in man troch har yn ferlieding kaam. Doe't se tsien jier wie, seach in ryk man dy't fan Ptoleméus hiet, har tegearre mei har mem baaien. Dêrop liet er har ophelje om har ta frou te nimmen. Dan ûntbrekt der in part fan 'e tekst, mar út 'e rest fan it ferhaal kin men opmeitsje dat it fanke troch in wûnder fan God ynfalide makke waard, sadat Ptoleméus net mear yn ferlieding brocht waard. Om't God har sa fan besmoarging rêden hat, kin Petrus dêr net tsjinyn gean en har genêze.
De Hanneling fan Petrus is inkeld yn namme ferbûn mei de Petrus út it Nije Testamint. It draacht in karakteristyk ekstreme foarm út fan 'e kultus dy't yn 'e troch manlju dominearre fiifde-iuwske kristlike tsjerke om 'e fammesteat hinne ûntstie, mei it idee dat it better is om ynfalide en faam te wêzen as sûn en "besmoarge".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|