Tredde Brief oan de Korintiërs
It Tredde Brief oan de Korintiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Γ' Επιστολή προς Κορινθιους, Gamma Epistoli pros Korinthious, ek wol koartwei 3 Korintiërs neamd, is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dy't sabeare in antwurd is fan Paulus oan 'e kristlike gemeente yn it Grykske Korinte, oangeande it Brief fan 'e Korintiërs oan Paulus. De tekst makket ek ûnderdiel út fan it boek Hannelingen fan Paulus. It âldst oerlevere hânskrift fan 3 Korintiërs foarmet ûnderdiel fan 'e Bodmer Papyry (Bodmer Papyrus X), en datearret fan koart nei it jier 200. Dit brief moat net betize wurde mei in Tredde Brief oan de Korintiërs, it saneamde Strange Brief of it Brief fan de Triennen (oanhelle yn 2 Kor. 2:4 en 7:8-9), dat Paulus àl skreaun hat, mar dat wierskynlik ferlern gien is.
Tredde Brief oan de Korintiërs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Γ' Επιστολή προς Κορινθιους ("Gamma Epistoli pros Korinthious") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | koart nei 200 n.Kr. |
Kanonykheid
bewurkje seksjeDe grutte mearderheid fan 'e kristlike tsjerken, mei dêrûnder alle protestantske, roomsk-katolike en eastersk-otterdokse denominaasjes, beskôget 3 Korintiërs as apokryf. Yn 'e Midsiuwen makke dizze tekst wol diel út fan 'e Bibel fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke, mar dêr is it meitiid út weiwurden. Yn 'e bibelútjefte fan 1666 wie it noch oanwêzich; yn dy fan 1805 stie it as taheakke fermeld; en hjoed de dei wurdt it net mear ôfprinte en makket it gjin ûnderdiel fan 'e kanon mear út. Ek yn 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke waard 3 Korintiërs oarspronklik as kanonyk beskôge, al stie it net yn 'e Peshitta; mar dêr stiene 2 en 3 Jehannes, 2 Petrus, Judas en Iepenbiering likemin yn en dy boeken waarden yn 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke ek frijwol unanym as ûnderdiel fan 'e kanon sjoen.
Ynhâld
bewurkje seksjeDe tekst fan 3 Korintiërs is opboud om ûnder de kristlike gemeente te Korinte ûnderstelde misbegripen oangeande Paulus syn beide eardere brieven oan 'e Korintiërs út 'e wei te romjen; de skriuwer, dy't almeast oantsjutten wurdt as Pseudo-Paulus, soe him dêr bewust fan wurden wêze troch it Brief fan de Korintiërs oan Paulus, dat fan in like twifelich alloai is as 3 Korintiërs. Yn it bysûnder besiket Pseudo-Paulus om 'e ynterpretaasje fan 'e sin "in minske fan fleis en bloed kin it keninkryk fan God net winne" (1 Korintiërs 15:50) te ferbetterjen, dy't guon lju útleine as soe de weropstanning fan 'e deaden gjin fysike foarm oannimme. Gnostisy stiene derom bekend dat se dit diel fan 1 Korintiërs oates en toates oanhellen en dêrmei kristlike teologen lykas Irenaeus, dy't oantoane woene de deaden yn fysike foarm ynstee fan inkeld spiritueel weropstean soene, it bloed ûnder de neilen wei hellen. Bibelwittenskippers binne fan tinken dat de gnostisy op dit punt mei Paulus syn eigen wurden sa sterk stiene, dat ien of mear otterdokse kristenen it nedich achten om yn 'e foarm fan 3 Korintiërs in wjerwurd fan Paulus sels te ferfalskjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |