Testamint fan Adam
It Testamint fan Adam is in algemien as apokryf beskôge, kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Adam, de earste minske, dat oerlevere is yn it Syrysk en it Arabysk.
Testamint fan Adam | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldsyrysk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 4e iuw |
It ierste bewarre bleaune manuskript komt út 'e sechsde iuw, mar de tekst op himsels moat datearre wurde yn 'e fjirde iuw, en is wierskynlik oarspronklik ôfkomstich út 'e stêd Edessa, yn noardlik Mesopotaamje.
Neffens it Testamint fan Adam sels binne yn it geskrift Adam syn lêste wurden fêstlein, dy't er spriek ta syn soan Set, yn 'e foarm fan in gebed, folge troch profesijen oer de Sûndfloed en de komst fan 'e messias Jezus Kristus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |