It Delkommen fan Marije
It Delkommen fan Marije (Gryksk: Γεννα Μαριας, Genna Marias) is in ferlern giene en algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It moat in koart geskrift west hawwe dat yn haadsaak oer de Faam Marije gie. It is lykwols inkeld bekend út it Panarion, fan 'e tsjerkfaar Epifanius fan Salamis, dy't dêr in koarte passaazje yn sitearret. Epifanius beskôge It Delkommen fan Marije as in gnostyske tekst, mar der is te min fan oerlevere om fêststelle te kinnen oft er dêr gelyk oan hie. Saakkundigen tinke oan 'e twadde iuw as in datearring fan it geskrift.
It Delkommen fan Marije | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Γεννα Μαριας ("Genna Marias") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw (?) |
It sitaat yn it Panarion giet oer de dea fan 'e preester Sacharías, de heit fan 'e profeet Jehannes de Doper, dy't in man "yn 'e foarm fan in ezel" sjoen hawwe soe wylst er wijreek brânde yn 'e Timpel te Jeruzalim. As er derút komt, kin er earst gjin wurd útbringe, mar as er op 't lêst by steat is en fertel wat him oerkommen is, wurdt er fermoarde troch de omstanners, dy't miene dat er godslasterlik praat útslacht. It ferhaal komt oerien mei oare gnostyske teksten en it gnostysk gedachteguod sa't dat fêstlein is yn 'e geskriften fan 'e tsjerkfaar Origenes (dy't it as ketterij beskôge), en yn it Evangeelje fan Jakobus, mar dit spesifike ferhaal is nearne oars oerlevere.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |