Iepenbiering fan Sefanja
De Iepenbiering fan Sefanja is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e joadske profeet Sefanja, dy't bekend wie út ferwizings yn geskriften út 'e Aldheid, mar iuwenlang ferlern waand waard, oant der yn 1881 yn it Wite Kleaster, yn Egypte, twa fragmintaryske manuskripten fan ûntdutsen waarden. Dy waarden oerbrocht nei de Bibliothèque Nationale de Paris, yn Frankryk, en yn 1885 publisearre.
Iepenbiering fan Sefanja | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 f.Kr. – 70 n.Kr. |
Yn 'e mande mei oare fragminten, dy't letter oankocht waarden troch it Staatliche Museum te Berlyn, waarden dy beide manuskripten yn 1899 troch de Dútske wittenskipper Georg Steindorff identifisearre as de missende Iepenbiering fan Sefanja, in oar ferlern tocht geskrift, de Iepenbiering fan Elía, en in ûnbekende tekst, dy't er de Anonime Iepenbiering neamde. Neier ûndersyk hat útwiisd dat de Anonime Iepenbiering nei alle gedachten in ûnderdiel is fan 'e Iepenbiering fan Sefanja. De beide manuskripten binne skreaun yn it Koptysk; de iene, yn it Achmimyske dialekt, datearret út 'e iere fjirde iuw, wylst de oare, yn it Sahidyske dialekt, weromgiet op 'e iere fyfde iuw. De oarspronklike taal wie foar 't neist Gryksk, en it wurk moat nei 100 f.Kr. en foàr it jier 70 skreaun wêze.
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Iepenbiering fan Sefanja ferhellet oer it fizioen fan 'e profeet Sefanja, wêryn't oan him it lot fan 'e minsklike siel nei de dea sjen litten wurdt. It set útein mei in fragmintaryske sêne fan in begraffenis en in fizioen fan in stêd dêr't gjin tsjuster komme kin, om't it it wenplak fan 'e frommen en de hilligen is.
It wichtichste part fan it fizioen fynt plak op in berch, dêr't foar in brûnzene poarte de ingels fan God dwaande binne mei it opskriuwen fan alle goede dieden fan 'e libbenen, wylst de ingels fan 'e duvel al harren sûnden notearje. As nei de dea de sielen fan 'e lju dêrhinne brocht wurde, wurde de goede dieden tsjin 'e sûnden ôfweage, en wurdt op dy manear besletten oft in siel nei it ivige paradys gean sil of nei ivich ûnk en lijen yn 'e fjurren fan 'e hel. Sefanja sjocht oer syn skouder de duvel sels, dy't him fersline wol, mar as er ta God bidt om útkomst, stjoert dy de ingel Eremiël om him te rêden. Twa boekrôlen wurde foarlêzen, ien mei Sefanja syn goede dieden en ien mei syn sûnden; syn goede deaden weagje swierder as syn sûnden, dat hy mei de rivier oerstekke nei de himel.
De fragminten einigje mei in trijetal sênes dy't allegear úteinsette mei it skâljen fan bazunen dy't fan ingels blazen wurde. Nei it earste skâljen wurdt Sefanja yn 'e kunde brocht mei de aartsfaars Abraham, Izaäk en Jakob en fierders mei Henoch, Elía en David. By it twadde skâljen wurde de himels iepene en sjocht Sefanja yn 'e djipte de tramtearring fan 'e sûnders yn 'e hel. Hy sjocht lykwols ek myriaden hilligen yn 'e himels dy't foar de sûnders bidde. It lêste skâljen kundiget oan dat God yn grime opstean en ierde en himel ferdylgje sil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |