Evangeelje fan Petrus
It Evangeelje fan Petrus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Oars as de measte net-kanonike evangeeljes is it gjin gnostyske tekst. Wol is it in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Petrus, dat eins it wurk is fan in anonym skriuwer, en dat nei gedachten datearre wurde moat omtrint it jier 190.
Evangeelje fan Petrus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±190 n.Kr. |
Oerlevering
bewurkje seksjeIt Evangeelje fan Petrus wie it earste fan 'e apokrife evangeeljes dat werûntdutsen waard, yn 1886, doe't de Frânske archeolooch Urbain Bouriant, yn 'e moderne Egyptyske stêd Akhmim, in skansearre manuskript út 'e achtste of njoggende iuw fûn, dat iuwenlang bedobbe lein hie. It wie as grêfjefte meijûn oan in mûnts en wie foar in part preservearre yn it drûge sân. Bouriant publisearre de tekst yn 1892. Letter waarden noch twa papyrusfragminten fûn op 'e rúchskernen fan 'e stêd Oxyrhynchus, yn Midden-Egypte, wêrfan't de tekst mooglik ta it Evangeelje fan Petrus heart en yn 1972 iepenbier makke waard.
Ynhâld
bewurkje seksjeNettsjinsteande de fragmintaryske oerlevering is it dúdlik dat it Evangeelje fan Petrus krekt as de kanonike evangeeljes, en yn tsjinstelling ta de gnostyske evangeeljes, in ferheljend geskrift wie. It oerlevere part fan 'e tekst giet benammen oer it lijen en de krúsdea fan Jezus. Opmerklik is dêrby dat it Evangeelje fan Petrus de ferantwurdlikheid foar de krusiging oan 'e Judeeske kening Heroades Antipas taskood en de Romeinske steedhâlder Pontius Pilatus, dy't yn 'e kanonike evangeeljes de skuld kriget, frijpleitet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |