Underrjocht fan de Apostels
It Underrjocht fan de Apostels (Latyn: Didascalia Apostolorum) is in ier kristlik traktaat dat heart ta it sjenre fan 'e tsjerkeregels. Yn 'e tekst sels wurdt útholden út dat er skreaun is troch de tolve oarspronklike apostels, en yn dat opsjoch is it besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, mar moderne wittenskippers binne it deroer iens dat it eins gearstald is yn 'e trêde iuw, wierskynlik om it jier 230 hinne. Sadwaande kin it as pseudepigrafysk en apokryf beskôge wurde. It is dúdlik basearre op 'e eardere Didachê, ek wol it Underrjocht fan de Tolve Apostels neamd, dêr't it net mei betize wurde moat. De wiere auteur is ûnbekend, mar men is fan tinken dat it foar 't neist in biskop west hat, mooglik út Antiochië.
Underrjocht fan de Apostels | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±230 n.Kr. |
Oerlevering
bewurkje seksjeIt Underrjocht fan de Apostels waard foar it earst neamd yn 'e geskriften fan Epifanius fan Salamis, dy't miende dat it in wier apostoalysk wurk wie. De pear sitaten dy't hy jout komme net alhiel oerien mei de tekst sa't dy oerlevere is, mar Epifanius stiet derom bekend dat er der mei sitaten mar in slach nei sloech. It ferlern giene orizjineel fan it Underrjocht fan de Apostels moat perfoarst yn it Gryksk skreaun west hawwe, mar yn syn folsleinens is it inkeld oerlevere yn it Syrysk, hoewol't der in koart fragmint fan haadstik 15 yn it Gryksk bestiet en der yn 1996 noch in wierskynlik fragmint yn it Koptysk weromfûn waard. Yn 'e njoggentjinde iuw waard de tekst yn it Westen op 'e nij ûntdutsen troch Paul Lagarde, dy't yn 1854 de Syryske tekst publisearre. Yn 1900 publisearre Edmund Hauler de Palimpsest fan Verona, dy't in Latynske oersetting fan it Underrjocht omfettet.
Ynhâld
bewurkje seksjeKrekt as de measte tsjerkeregels út 'e Aldheid is it Underrjocht fan de Apostels min en ûnlogysk gearstald. De tekst besteget gjin inkele oandacht oan 'e tsjerkelear, mar konsintrearret him ynstee folslein op 'e praktisearring fan it leauwe. It geskrift kin sa gearfet wurde:
- Fermoannings oangeande kristlik libben, gebedens en martelderskip: de haadstikken 1-3, 13, 17, 19-20.
- Regels oangeande de easken dy't oan biskoppen steld wurde en harren hâlden en dragen, plichten en jelmissen: de haadstikken 4-11, 18.
- Regels oangeande manlike en froulike diakens en widdowen: de haadstikken 14-16.
- Liturgyske regels oangeande it foechsume plak fan alles yn it tsjerkegebou en oangeande fêstjen: de haadstikken 12, 21.
- It ûnderrjocht fan bern en it ôfwizen fan ketterij: de haadstikken 22-23.
- De bewearing dat de tekst troch de apostels skreaun is en de ôfwizing fan joadske religieuze praktiken: de haadstikken 24-26.
Keppelings om utens
bewurkje seksje(in) *Oersetting fan Underrjocht fan de Apostels yn it Ingelsk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|