Twadde Brief fan Klemins
It Twadde Brief fan Klemins, ek wol koartwei 2 Klemins neamd (eins: Klemins oan de Korintiërs; yn it oarspronklike Gryksk: Κλήμεντος πρὸς Κορινθίους, Klēmentos pros Korinthious), is in algemien as apokryf beskôge tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is in anonym brief dat tradisjoneel oan 'e tsjerkfaar Klemins fan Rome, better bekend as paus Klemins I († 99), taskreaun waard, dy't it earne oan 'e ein fan 'e earste iuw skreaun hawwe soe. Mar yn 'e fjirde iuw skreau de tsjerkfaar en paus Eusebius dat der mar ien brief fan Klemins oerlevere wie (ntl. it Earste Brief fan Klemins), dat sels yn 'e Aldheid bestiene der al twifels oer dizze tradisjonele taskriuwing. Moderne wittenskippers binne fan tinken dat 2 Klemins it wurk is fan in anonime auteur, en datearje it brief tusken 140 en 160. It wurdt no ta de saneamde Pseudo-Klemintinen rekkene, in hiele espeltsje teksten dy't foarhinne foutyf oan Klemins taskreaun waarden.
Twadde Brief fan Klemins | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Κλήμεντος πρὸς Κορινθίους ("Klēmentos pros Korinthious") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 140 – 160 n.Kr. |
2 Klemins liket in ôfskrift fan in preek te wêzen dy't oarspronklik mûnling ôfstutsen wêze moat yn in kristlike tsjerketsjinst (sa kundiget de sprekker yn 2 Klem. 19 oan dat er no lûdop út 'e Skrift foarlêze sil). As it yndie in preek is, dan soe it de ierst oerlevere kristlike preek bûten it Nije Testamint wêze. 2 Klemins is rjochte oan (in mienskip fan) kristene heidens, dy't lykwols it Alde Testamint as de "Hillige Skrift" beskôgje. It is bedoeld om 'e tahearders fuort te sterkjen yn harren nij leauwe. Behalven nei de kristlike kanon ferwiist de skriuwer ek nei beskate oare teksten. Sa wurdt yn 2 Klem. 5:2-4 in útspraak fan Jezus fan Nazaret oanhelle dy't mar foar in part yn it Nije Testamint opnommen is; yn 'e tweintichste iuw waard in fragmint fan in manuskript ûntdutsen dêr't út blykt dat it hjir om in sitaat út it apokrife Evangeelje fan Petrus giet. Krektlyk sitearret de skriuwer yn 2 Klem. 12 út it Evangeelje fan Tomas.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Sources en Further reading, op dizze side. |