Jubileeën, yn it oarspronklike Hebriuwsk: יובלים, Yōbelīm, inkeld ek wol Lyts Genesis (Leptogenesis) neamd, is in âlde joadske religieuze tekst, dy't troch frijwol alle joadske streamings, alle kristlike tsjerken fan protestantske, roomsk-katolike en eastersk-otterdokse synjatuer en ek troch de measte oriïntaalsk-otterdokse denominaasjes as apokryf en pseudepigrafysk beskôge wurdt. Allinnich de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de dêrfan ôfspjalte groepen (lykas de Etiopysk-Katolike Tsjerke en de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke) erkenne Jubileeën as ûnderdiel fan 'e kanon, ûnder de titel መጽሐፈ ኩፋሌ, Mäṣ'ḥäfä Kūfālē, dat Ge'ez (de tsjerketaal fan Etioopje, ferlykber mei it Latyn) is foar "it Boek fan de Dieling". Yn 'e Etiopysk-otterdokse kanon wurdt dizze tekst yn it Alde Testamint fan 'e Bibel pleatst, fuort nei it boek 2 Kroniken. Ek de Falasja's, de joadske minderheid fan Etioopje (dy't hjoed de dei suver folslein yn Israel libbet), beskôgje Jubileeën as kanonyk. Op grûn fan twa fragminten (4Qm16Jub en 4Qm17Jub) dy't middenmank de Deade-Seerôlen te Qumran fûn binne, giet men derfan út dat de tekst oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun is troch in anonime skriuwer, dy't healwei de twadde iuw f.Kr. wurke.

Jubileeën
algemiene gegevens
oarspr. titel יובלים ("Yōbelīm")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±150 f.Kr.

Jubileeën is in werfertelling fan 'e skepping en it oanbegjin fan 'e wrâld, de Sûndfloed, de aartsfaars en de ferhalen oer Mozes, sa't dy beskreaun steane yn it bibelboek Genesis en de earste tolve haadstikken fan Exodus. Dêrby wurdt de skiednis yndield yn perioaden fan 49 jier, de saneamde "jubileeën" (dêr't men op komt troch de fermannichfâldiging fan 7x7 saneamde "jierwiken"). Neffens de tekst sels is it boek in iepenbiering dy't de Israelityske foaroanman Mozes op 'e berch Sinaï en letter yn 'e tabernakel taparte krige fan God sels, as oanfolling op 'e (kanonike) Pentateûch.

De beskreaune foarfallen bliuwe frij ticht by de tekst fan Genesis en Exodus, mar jouwe dêr withoefolle details op ta, lykas geografyske fertsjutskings en histoaryske en religieuze útlis. Sa wurdt by it ferhaal oer Adam en Eva, dy't neffens Genesis de earste minsken wiene en troch God sels skepen waarden, útlein hoe't sy mei syn beiden de wrâld befolken: nammentlik troch harren soannen en dochters mei-inoar trouwe te litten. Men tinkt wol dat dat de reden is dat Jubileeën troch de tsjerkfaars út 'e kristlike Bibel holden is, want hoewol't it boek hjir it fraachstik fan it ûntstean fan 'e minskheid oplost dêr't Genesis oerhinne praat, skept it tagelyk it nije en mooglik noch ûnwinsklikere probleem fan ynsest. Dat hoewol't Jubileeën goed bekend wie ûnder ier kristlike teologen, waard it yn 'e fjirde iuw sa fûleindich ûnderdrukt dat der gjin inkele folsleine Hebriuwske, Grykske of Latynske ferzje fan bewarre bleaun is en de tekst yn syn folsleinens inkeld oerlevere is yn it (Etiopyske) Ge'ez.

De yndieling fan Jubileeën is sa:

  • Jub. 1: Ynlieding;
  • Jub. 2-4: Skepping en it oanbegjin fan 'e wrâld, ferhalen oer Adam en Eva en harren neiteam;
  • Jub. 5-10: De Sûndfloed, ferhalen oer Noäch en syn soannen;
  • Jub. 11-23:8: Ferhalen oer de aartsfaar Abraham;
  • Jub. 23:9-32: Ferfal nei de dea fan Abraham;
  • Jub. 24-45: Ferhalen oer de aartsfaar Jakob en syn soannen;
  • Jub. 46-50: Ferhalen oer Mozes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus