1 en 2 Kroniken
1 Kroniken en 2 Kroniken binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 13de en 14de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Kroniken, yn it oarspronklike Hebriuwsk: דברי הימים, Diḇrei ha-Yamim ("De Dingen fan 'e Dagen"), it 24ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"). Yn it Gryksk hjitte de beide boeken Παραλειπομένων, Paralipomenon ("De Dingen Dy't Weilitten Binne"). Yn 1 Kroniken en 2 Kroniken wurdt de hiele skiednis fan 'e Israeliten nochris op 'e nij oereide, begjinnend by Adam, de earste minske, en einigjend mei de fal fan Jeruzalim en de Babyloanyske Ballingskip. Dêrmei rinne de beide boeken benammentlik lykop mei 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen. Oer it algemien wurde de Kroniken dan ek beskôge as in oanfolling dêrop. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Kroniken en 2 Kroniken stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
1 Kroniken & 2 Kroniken | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | דברי הימים ("Diḇrei ha-Yamim") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 350 – 300 f.Kr. (?) | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | 1 en 2 Keningen | |
● folgjend diel | Ezra | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | 1 Kroniken & 2 Kroniken | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Oarsprong
bewurkje seksjeIt lêste foarfal dat yn 2 Kroniken op 't aljemint komt, is de tastimming dy't de Perzyske kening Koaresj (Syrus de Grutte, dy't yn 539 f.Kr. it Nijbabyloanyske Ryk ferovere) de Joaden jout om werom te kearen nei harren lân; dêrmei wurdt in ierst mooglike datum foar it gearstallen fan 'e Kroniken jûn. Men tinkt dat de boeken earne tusken 400 en 250 f.Kr. (mei 350-300 f.Kr. as wierskynlikste perioade) skreaun binne troch ien inkele persoan, al hawwe der neitiid wat redigearrings en oanfollings plakfûn. Neffens de joadske tradysje soe de preester Ezra de skriuwer fan 'e boeken wêze, mar de moderne bibelwittenskip hat dêrfoar gjin bewiis fine kind en neamt de anonime auteur dêrom "de Kronykskriuwer". It moat in belêzen teolooch west hawwe, nei alle gedachten in preester, mei't er yngeand omtinken skinkt oan alles dat mei de joadske preesterstân en de Leviten (de Israelityske stamme dy't de preesters levere) te krijen hat.
Ynhâld
bewurkje seksjeIt boek 1 Kroniken set útein mei de skiednis fan 'e Israeliten, begjinnend mei Adam, de earste minske. It ferhaal beweecht him foarút, suver folslein fia geneälogyske opsommings, nei de fêstiging fan it Israelityske keningskip. Pas as er by kening David oanbelânet, giet de skriuwer oer wat oars op 'e tekst as wa't waans soan wie. Fan dat punt ôf foarmet 1 Kroniken in lykstrekich ferhaal mei 1 en 2 Samuël, en einiget mei David syn dea. 2 Kroniken giet fierder mei Salomo en alle lettere keningen fan Israel en Juda, en rint op dy manear lykop mei 1 en 2 Keningen. It binne grutdiels deselde ferhalen, mar justjes oars ferteld; it docht tinken oan 'e fjouwer kanonike evangeeljes út it kristlike Nije Testamint, wêryn't op krekt sa'n parallelle wize oer Jezus Kristus ferhelle wurdt. 2 Kroniken einiget mei de fal fan Jeruzalim en de ferwuostging fan Juda troch Nebûkadnêzar II, de kening fan Babyloanje, dy't Sedekía, de lêste Judeeske kening, de eagen útstekke en yn ballingskip fuortfiere lit. Juda wurdt dêrnei in Babyloanyske provinsje, en in grut part fan 'e befolking wurdt deportearre nei Mesopotaamje. Yn in bysûnder koart stikje, suver in neiskrift, wurdt dan noch fernijd dat de Perzyske kening Koaresj de Joaden wer nei harren lân weromkeare lit.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan 2 Kroniken 20:1-11 út. De earste folsleine útjefte fan 'e beide boeken stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan de provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan sawol 1 Kroniken as 2 Kroniken waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |