Earste Brief oan de Tessalonikers
It Earste Brief oan de Tessalonikers, yn it oarspronklike Gryksk: Α' Επιστολή προς Θεσσαλονικείς, Alfa Epistoli pros Thessalonikeis, ek wol koartwei 1 Tessalonikers neamd, is it trettjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de achtste fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, wurdt troch hast alle hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen erkend, al bestie der yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw frijwat twifel oer. 1 Tess. 2:13-16 wurdt lykwols gauris beskôge as in lettere tafoeging, mei't de tekst fan dy fersen net liket te striken mei de lear sa't Paulus dy yn oare geskriften ferkundiget.
Earste Brief oan de Tessalonikers | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Α' Επιστολή προς Θεσσαλονικείς ("Alfa Epistoli pros Thessalonikeis") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 52 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan de Kolossers | |
● folgjend diel | Twadde Brief oan de Tessalonikers | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Earste Brief oan de Tessalonikers | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
1 Tessalonikers wie nei alle gedachten Paulus syn earste (kanonike) brief, dat wierskynlik skreaun is oan 'e ein fan it jier 52. Dêrmei soe it it âldste boek fan it Nije Testamint wêze. Hoewol't it brief neffens de kristlike tradysje yn Atene skreaun is nei't Timóteüs út Masedoanje weromkommen wie mei nijs fan 'e troch Paulus sels stifte gemeente yn Tessaloniky (sjoch: Hannelingen 17:1-9), is men tsjintwurdich fan tinken dat it wierskynliker is dat Paulus 1 Tessalonkers yn Korinte skreau. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Tessalonikers stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Ynhâld
bewurkje seksjePaulus, dy't 1 Tessalonikers mei út namme fan syn meiwurkers Timóteüs en Silas skreau, begjint it brief, nei de ynlieding en groetnis (1 Tess. 1:1), mei in gebed fan tank oan God foar it leauwe fan 'e Tessalonikers (1 Tess. 1:2-10). Dêrnei giet er yn op 'e tiid dy't er sels yn Tessaloniky trochbrocht hat en it wurk dat er dêr út 'e wei set hat (1 Tess. 2:1-20). Hy beklammet dêrby dat er sels de kost fertsjinne hat en nimmen ta lêst west hat, al hied er der troch syn apostel-wêzen wol rjocht op om troch de gemeente ûnderholden te wurden. Ek fernijt er dat er de gemeente mei gragens nochris besykje soe.
Dêrnei komt er op 'e tekst oangeande it besyk dat Timóteüs koartby oan 'e Tessaloniker gemeente brocht hat (1 Tess. 3:1-13). De lêste twa haadstikjes binne dan noch wijd oan guon dingen dy't it evangeelje oangeane, suver as wie dat in bykommende saak. Earst giet Paulus yn op spesifike kwestjes yn 'e tsjerke (1 Tess. 4:1-5:25). Dêrby leit er út hoe't de relaasjes tusken de kristenen ûnderling hearre te wêzen, hoe't men de ferstoarnen berouje moat, en hoe't men jin tariede moat op 'e werkomst fan Jezus Kristus. Dêrnei fertelt er yn in pear lêste fermoannings nochris hoe't kristenen har hearre te hâlden en te dragen (1 Tess. 5:12-25). Hy beslút it brief mei in groetnis en in seiniging (1 Tess. 5:26-28).
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan 1 Tess. 5:14-24 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Tessalonikers stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 1 Tessalonikers waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |