Brief fan Jakobus
It Brief fan Jakobus, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή του Ιακώβου, Epistoli tou Iakobou, ek wol koartwei Jakobus neamd, is it tweintichste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de fyftjinde fan 'e brieven, en de earste fan 'e Algemiene Seinbrieven. De earste folsleine Fryske oersetting fan Jakobus stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Brief fan Jakobus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή του Ιακώβου ("Epistoli tou Iakobou") | |
auteur | Jakobus (broer fan Jezus) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 50 – 65 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan de Hebreeërs | |
● folgjend diel | Earste Brief fan Petrus | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief fan Jakobus | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Skriuwer en oarsprong
bewurkje seksjeOer de skriuwer fan dit brief hat yn it ferline frijwat ûndúdlikheid bestien. Jezus fan Nazaret hie twa dissipels (beide waarden letter apostels) dy't fan Jakobus hieten: Jakobus, de soan fan Sebedéus, ek wol bekend as Jakobus de Grutte, en Jakobus, de soan fan Alféus, dy't (wierskynlik) deselde is as Jakobus de Mindere. Fan harren beiden stoar Jakobus de Grutte al yn it jier 44 de marteldersdea, en dat is eins te betiid foar it Brief fan Jakobus om al skreaun te wêzen, wylst Jakobus de soan fan Alféus net botte prominint is yn 'e oerlevere geskriften en der oer him sadwaande net folle bekend is. Lykwols is it brief dochs wolris oan Jakobus de Grutte taskreaun, en Jehannes Kalvyn woe hawwe dat Jakobus de soan fan Alféus de skriuwer wie.
Mar fan 'e trêde iuw ôf waard dizze tekst troch bibel- en tsjerkewittenskippers oer it algemien taskreaun oan Jakobus de Rjochtfeardige, in fier famyljelid fan Jezus en de earste biskop fan Jeruzalim. Jakobus de Rjochtfeardige wie net ien fan 'e apostels (of it moat wêze dat hý Jakobus de Mindere wie en net Jakobus de soan fan Alféus), mar wurdt ornaris beskôge as de earste fan 'e Santich Dissipels. Marten Luther wie wer in oare miening tagedien; hy neamde it Brief fan Jakobus in "strieën brief" en beskôge it as apokryf; dêrfandinne dat Jakobus mei Hebreeërs, Judas en Iepenbiering yn lutherske bibels noch altiten los fan 'e kanon byinoar yn in aparte taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint ôfprinte wurdt.
Hjoed de dei, lykwols, doare bibelwittenskippers en teologen op grûn fan eigenaardichheden oan it taaleigen en oanwizings út 'e ynhâld fan it brief mei frijwat wissichheid te sizzen dat de wiere skriuwer Jakobus, de broer of healbroer fan Jezus, west hawwe moat. De datearring fan 'e tekst is noch wol witwat strideraasje oer; guon wolle hawwe, hy is om 50 hinne skreaun, earder as de Brieven fan Paulus, oaren miene dat er om 65 hinne skreaun is, nei de Brieven fan Paulus.
Ynhâld
bewurkje seksjeJakobus rjochtet him "oan 'e tolve stammen, ferstruid oer de wrâld" (Jak. 1:1), wat yn 'e regel begrepen wurdt as de kristene Joaden. Hy skriuwt net om syn lêzers te ûnderrjochtsjen yn 'e kristlike leare, mar om 'e kristenen foar te hâlden dat harren leauwe om 'e nocht is as lear en libben net mei-inoar strike. Hy ropt de lju op om geduldich de werkomst fan 'e messias ôf te wachtsjen en ûnderwilens it rjochte leauwe net slûpe te litten.
De sûnden dêr't Jakobus him tsjin keart, binne formalisme, dat de tsjinst oan God werombringt ta uterlike seremoanjes, wylst hy de leauwenden yn 't sin bringt dat it eins heart te bestean út leafde en wierheid; fanatisme, dat ûnder de momkape fan rjochtleauwigens de mienskip teskuort; fatalisme, wêrmei't men it begean fan sûnden as ûnûntkomber beskôget; deunens, dat derta liedt dat men de riken om uterlik fertoan bewûnderet oft se dat om ynderlik leauwe no fertsjinje of net; en fierders falske eden, partijskippen, kweasprekken, opsnijen en ûnderdrukking. Syn les oan 'e kristenen is geduld: as har leauwe hifke wurdt (d.w.s. as se bleatsteane oan ferfolgings); as hja útlokke wurde; as hja ferdrukt wurde; en by it ferrjochtsjen fan goede wurken. Hy riedt de kristenen om 'e foarskriften nei te kommen, yn frede gear te libjen; net oan ierdske besittings te hingjen en wa't fan har mei-leauwenden op 'e doele rekket, wer nei it rjochte paad werom te lieden. Hja moatte hoekhâlde yn har leauwe en biddende bliuwe. Ferskate kearen falt er fierders de riken oan; it docht dúdlik bliken dat yn 'e tiid dat it brief skreaun waard, de grutte mearderheid fan 'e kristenen earm wie. Jakobus beskôget earmoede net as ideaal, mar as bittere need, mei't er it hawwen fan besittings as in obstakel ta it wiere leauwe sjocht.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Jak. 2:1-10 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Jakobus stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Jakobus waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |