Sebedéus is in bibelsk persoan, dy't yn it Nije Testamint neamd wurdt.

De hûshâlding fan Sebedéus.

Oer Sebedéus is út de evangeeljes bekend dat Jezus' learlingen Jakobus en Jehannes syn soannen wienen. Tegearre mei syn soannen fiske er op 'e Mar fan Galiléa. De ropping fan 'e soannen fan Sebedéus wurdt beskreaun yn Mattéus 4:21. Se krigen letter fanwegen harren balstjurrige karakter de bynamme 'soannen fan 'e tonger' (Markus 3:17, sjoch ek: Lukas 9:54).

Net dúdlik is it oft de frou fan Sebedéus, dy't neffens it evangeelje fan Mattéus (27:56) by de krusiging fan Jezus oanwêzich wie, deselde frou is as de yn it evangeelje fan Markus 15:40 neamde Salomé. De kristlike tradysje sjocht lykwols dêryn oer it generaal ien en deselde persoan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch foar boarnen/referinsjes op: de:Zebedäus (ferzje 23 septimber 2024).