Jakobus de Rjochtfeardige

Jakobus de Rjochtfeardige (Nazaret, begjin 1e iuwJeruzalim, 69) wurdt yn it Evangeelje de "broer fan de Hear" (fan Jezus Kristus) (Evangeelje fan Markus 6:3) neamd. Hy wurdt de Rjochtfeardige neamd om ûnderskied te meitsjen mei oare Jakobussen dy't yn it Nije Testamint neamd wurde. De oertsjûging dat Jakobus "de broer fan de Hear" is, is lykwols striderij oer; nei alle gedachten wied er mear út 'e fierte famylje fan Jezus. Hy wie yn alle gefallen net Jakobus, de broer fan Jezus, dy't de skriuwer is fan it nijtestamintysk Brief fan Jakobus.

Ofbylding fan Jakobus

"Broer fan de Hear" bewurkje seksje

Neffens de Roomsk Katolike tradysje wurdt mei de beskriuwing dat Jakobus "broer fan de Hear" is, in besibbenens mei Jezus Kristus oantsjutten. Neffens harren hâldt dy besibbenens yn dat hy gjin broer fan Jezus wêze kin, omdat dit stridich is mei dat Maria de mem fan Jezus altyd faam bleaun wie. Yn harren optyk is Jakobus in neef.

Neffens de measte Protestantske tsjerken is Jakobus wol in natuerlike broer fan Jezus, dat in soan fan Marije en Jozef. Dy opfetting is lykwols yn de rin fan de iuwen ûntstien.

De Ortodokse Tsjerke sitte mei harren opfetting dêr krekt tusken yn. Sy binne fan betinken dat Jakobus net in folle broer is, mar in healbroer fan Jezus, berne út in earder houlik fan syn heit Jozef.

Libben bewurkje seksje

Oer it libben fan Jakobus is yn de Bibel net in soad skreaun. Yn Jehannes 7,3-6 stiet lykwols dúdlik skreaun dat de "broers" fan Jezus him (noch) net leauden.

It Evangeelje fan de Hebreeërs (yn gebrûk by de Ebioniten, likernôch 150 n.Kr.) fermeldet dat Jezus nei syn ferskining oan Marije Magdalena en de learlingen ek oan Jakobus persoanlik ferskynt. Jakobus kaam doe ta leauwen yn Jezus. In ferwizing nei dit foarfal is ek werom te finen yn 1 Kor. 15,7, dêr't Paulus melding makket fan soksoarte foarfal.

Ut Hannelingen 12:17 en 15:15-21 kin opmakke wurde dat Jakobus in wichtige rol spile binnen de iere kristengemeente fan Jeruzalem. As sadanich wurdt hy troch it meastepart fan de Kristlike tsjerken sjoen as de earste biskop fan Jeruzalim. Yn it apokrife Evangeelje fan Tomas, logion 12 stiet sels skreaun dat Jezus syn broer Jakobus as syn opfolger oanwiist.

De katoliken ferearje Jakobus as hillige. Syn hjeldei is op 3 maaie. De Ortodokse Tsjerke fiert syn hjeldei op 9 oktober en op 30 juny mei de oare tolve apostelen.