Tessaloniki

(Trochferwiisd fan Tessaloniky)

Tessaloniki (Gryksk: Θεσσαλονίκη, Thessaloníki, útspr.: [θɛsaloˈniːki], likernôch: "zes-sa-lo-nii-ky, Lûdsfragmint beharkje), ek wol ferkoarte ta Saloniki en histoarysk ek bekend as Tessalonika (bibelsk) en Salonika, is de op ien nei grutste stêd fan Grikelân (nei Atene). It is de haadstêd fan 'e tradisjonele regio Gryksk-Masedoanje, de bestjoerlike regio Midden-Masedoanje en ek fan it Desintralisearre Bestjoer fan Masedoanje en Traasje.

Tessaloniki
Θεσσαλονίκη
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Grikelân
Trad. Regio Gryksk-Masedoanje
Bestj. Regio Midden-Masedoanje
Sifers
Ynwennertal 325.182 (2011)
Oerflak 19,3 km²
Befolkingsticht. 16.848 / km²
Stêdekloft 1.030.338 (2011)
Hichte 0 – 250 m
Oar
Stifting 315 f.Kr.
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 40°38′25″N 22°56′05″E
Offisjele webside
www.thessaloniki.gr
Kaart
Tessaloniki (Grikelân)
Tessaloniki
Lizzing yn Grikelân.

Tessaloniki leit oan 'e Termayske Golf, in baai oan 'e noardlike kust fan 'e Egeyske See yn it Grykske diel fan it histoaryske Masedoanje, dêr't de rivier de Axios yn see útmûnet. De stêd waard yn 315 f.Kr. stifte en ferneamd nei Tessalonike fan Masedoanje, de suster fan Aleksander de Grutte. Yn 'e Romeinske Tiid wie it in wichtige stêd, dêr't al ier in kristlike gemeente stifte waard. Yn it Byzantynske Ryk wie it de op ien nei grutste en rykste stêd nei Konstantinopel, en ek yn it dêropfolgjende Osmaanske Ryk spile Tessaloniki in rol fan belang. Nei krapoan fiif iuwen ûnder Osmaansk bewâld west te hawwen, kaam de doe multy-etnyske stêd yn 1912 by Grikelân te hearren. Anno 2011 hie Tessaloniki as stêd in befolking fan 325.000 minsken, wylst yn 'e hiele stêdekloft mear as 1 miljoen lju wennen.

Tessaloniki leit yn it noarden fan Grikelân, oan 'e súdkust fan Gryksk-Masedoanje, dy't tagelyk de noardkust fan 'e Egeyske See is. Mear sekuer leit de stêd oan 'e eastkant fan 'e Termayske Golf, in baai dy't yn it noardwesten fan 'e Egeyske See yn it lân opsnijt. De stêd leit oan 'e noardeastkant fan it grutte Chalkidike-skiereilân, dat nei it suden ta yn 'e Egeyske See útstiket. As gemeente hat Tessaloniki in oerflak fan 19,3 km²; de hiele stêdekloft beslacht in gebiet fan 1.286 km². Yn it noardwesten wurdt de stêdekloft begrinzge troch de mûning fan 'e rivier de Axios (dy't fierder noardlik op 'e Balkan bekend stiet as de Vardar), en yn it súdeasten troch de berch de Chortiatis. De neite ta dy berch en oanbuorjende bergen en heuvels, dy't in geologyske brekline markearje, makket dat Tessaloniki bleat stiet oan ierdbevings.

 
In stien mei in ynskripsje út 'e Aldheid. De tekst seit: "Oan keninginne Tessalonike, [dochter] fan Filippus". Te sjen yn it Argeologysk Museum fan Tessaloniki.

Tessaloniki waard yn 315 f.Kr. stifte op of deunby it plak fan 'e eardere stêd Terma troch kening Kassander fan Masedoanje, ien fan 'e generaals en opfolgers fan Aleksander de Grutte. Hy ferneamde de nije stêd nei syn frou, Tessalonike fan Masedoanje, de dochter fan kening Filippus II, dy't de healsuster fan Aleksander wie. Yn 'e tiid fan it Keninkryk Masedoanje hie Tessaloniki selsbestjoer en woeks it út ta de wichtichste stêd fan it ryk.

Nei de fal fan it keninkryk yn 168 f.Kr. kaam Tessaloniki ta it Romeinske Ryk te hearren en waard it yn 148 f.Kr. de haadstêd fan 'e Romeinske provinsje Masedoanje. Under it regear fan Markus Antonius wie it yn 41 f.Kr. in frije stêd fan 'e Romeinske Republyk. Yn 'e Romeinske Tiid groeide Tessaloniki ek út ta in wichtich hannelsknooppunt troch syn posysje oan 'e Via Egnatia, dy't Dyrrachium oan 'e Adriatyske See ferbûn mei Byzantium oan 'e Bosporus. Dêrnjonken lei de stêd ek oan 'e hannelsrûte dy't fan noard nei súd oer de Balkan rûn, fia de dellingen fan 'e Morava en de Vardar.

Om likernôch it jier 50 hinne wie Tessaloniki ien fan 'e iere sintra fan it kristendom, dat dêr neffens it boek Hannelingen fan 'e Apostels, út it Nije Testamint fan 'e Bibel, brocht waard troch de apostel Paulus op syn twadde sindingsreis. Letter skreau Paulus twa brieven oan 'e kristlike gemeente yn 'e stêd, dy't as it Earste Brief oan 'e Tessalonikers en it Twadde Brief oan 'e Tessalonikers opnommen waarden yn 'e kanon fan it Nije Testamint. De patroanhillige fan Tessaloniki is de hillige Demetrius, dy't yn 306 as martelder foar it kristlik leauwe ombrocht waard yn opdracht fan keizer Galearius.

Yn 379, doe't de Prefektuer Illyrikum ferdield waard tusken it Eastromeinske en it Westromeinske Ryk, waard Tessaloniki de haadstêd fan it diel dat by it Eastromeinske Ryk kaam te hearren. It jiers dêrop waard troch it saneamde Edikt fan Tessaloniki it kristendom ta de steatsreligy fan it Romeinske Ryk makke. Yn 390 waard troch Goatyske soldaten ûnder keizer Teodoasius I it Bloedbad fan Tessaloniki oanrjochte ûnder de bewenners fan 'e stêd, mei't dyselden tsjin him yn opstân kommen wiene.

 
De ruïnes fan it Romeinsk Foarum fan Tessaloniki.

Yn it Byzantynske Ryk

bewurkje seksje

Tsjin 'e tiid fan 'e Fal fan it Westromeinske Ryk, yn 476, wie Tessaloniki mei sa'n 150.000 ynwenners útwoeksen ta de op ien nei grutste, rykste en wichtichste stêd fan it Eastromeinske Ryk. Dy posysje behold de stêd yn 'e iuwen dêrnei, doe't it Eastromeinske Ryk troch it ferlies fan 'e bân mei Rome bekend kaam te stean as it Byzantynske Ryk. Tessaloniki ferfolle yn dat ryk de funksje fan alternative of twadde haadstêd nei Konstantinopel (Byzantium). De stêd wurdt dêrom tsjintwurdich yn it Gryksk noch wol η Συμπρωτεύουσα (i Simprotévousa) neamd, letterlik "de Mei-Haadstêd".

Yn 'e sechsde en de sânde iuw krongen de Pannoanyske Avaren en de Slaven yn Masedoanje troch en belegeren ferskate kearen om 'e nocht Tessaloniki. Fral de Slaven setten har neitiid yn it efterlân fan Tessaloniki nei wenjen en ûntjoegen har dêr ta de hjoeddeistige Masedoanjers en Bulgaren. Yn 'e njoggende iuw skepen de Grykske sindelingen Syrillus en Metoadius, dy't allebeide út Tessaloniki kamen, de earste Slavyske skriuwtaal troch it Syrillysk skrift te ûntwikkeljen foar wat it Aldtsjerkeslavysk kaam te hjitten, mar dat nei alle gedachten gewoan it pleatslike Slavyske dialekt wie dat yn 'e neite fan harren wenplak sprutsen wie en dêr't se sadwaande bekend mei wiene.

 
De 4e-iuwske Sint-Demetriustsjerke, ferneamd nei de beskermhillige fan Tessaloniki.

Yn 904 waard Tessaloniki plondere troch Byzantynske bekearlingen ta de islaam, dy't fan see ôf de stêd oanfoelen. Yn 1204, doe't Konstantinopel ûnder de Fjirde Krústocht yn 'e hannen foel fan Westjeropeeske krúsfarders, waard Tessaloniki haadstêd en sintrum fan it Keninkryk Tessaloniki, in krúsfarderssteat dy't dêrnei de grutste en wichtichste fazalsteat wie fan it Latynske Ryk dat de krúsfarders yn Konstantinopel stifte hiene. Yn 1224 waard it Keninkryk Tessaloniki ûnder de foet rûn troch it Despotaat Epirus, in restant fan it Byzantynske Ryk ûnder Teodoarus Komnenos Doukas, dy't himsels dêrop ta keizer kroane fan it Keizerryk Tessaloniki. Nei Teodoarus syn nederlaach yn 'e Slach by Klokotnitsa, yn 1230, waard syn keizerryk in fazalsteat fan it Twadde Bulgaarske Ryk, oant it yn 1246 weromwûn waard troch de Byzantynske Griken fan it Nikeeske Ryk, dêr't neitiid it Byzantynske Ryk wer út opboud waard.

Yn 1342 foel Tessaloniki yn 'e hannen fan 'e saneamde seloaten fan Tessaloniki, in anty-aristokratyske partijskip, besteande út seelju en de earmen. Neitiid waard de stêd in republyk en wied er frijwol ûnôfhinklik fan 'e rest fan it Byzantynske Ryk, oant de seloaten yn 1350 ferslein waarden. Inkele jierren letter krigen de Osmaanske Turken mei de ferovering fan it Gallipoli-skiereilân yn 1354 foar it earste foet oan 'e grûn yn Jeropa. Neitiid setten se útein mei in stadige ferovering fan it Jeropeeske diel fan it Byzantynske Ryk. Tessaloniki foel nei in belis fan fjouwer jier yn 1387 yn Osmaanske hannen.

 
De 5e-iuwske Panagia Acheiropoietostsjerke yn 'e binnenstêd fan Tessaloniki.

Nei't de Osmaanske Turken lykwols yn 1402 yn 'e Slach by Ankara in ferpletterjende nederlaach lit hiene tsjin 'e kriichshear Timoer Lenk, wêrby't sultan Bayezid I kriichsfinzen nommen waard, koene de Byzantinen fan in opfolgingsstriid mank Bayezid syn soannen gebrûk meitsje om by it Ferdrach fan Gallipoli Tessaloniki en it Chalkidike-skiereilân werom te krijen. Doe't der ûnder Mehmed I wer ienheid mank de Turken kaam, setten hja harren opmars op 'e Balkan fuort. Yn 1422 sloegen se op 'e nij belis foar Tessaloniki. Om Westerske help te krijen, stie de Byzantynske prins Androanikus Palaiologos, dy't as despoat oer de stêd regearre, Tessaloniki yn 1423 ôf oan 'e Republyk Feneesje. De Fenesianen ferdigenen de stêd oant dy op 29 maart 1430 kapitulearje moast foar de oermacht fan 'e Osmaanske sultan Moerad II. Nei de fal fan Tessaloniki soe, neffens doetiidske boarnen, likernôch in fyfdepart fan 'e befolking fan 'e stêd as slaaf fuortfierd wêze.

Yn it Osmaanske Ryk

bewurkje seksje

Under it Osmaanske Ryk behold Tessaloniki lykwols syn posysje as hannelsknooppunt en bestjoerssintrum. Oant 1826 wie it de haadstêd fan 'e Sandjak fan Selânik, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Eyalet Roemeelje (de Balkan). Neitiid wie it de haadstêd fan 'e Eyalet Selânik en fan 1867 oant 1912 fan 'e Vilayet Selânik.

 
De Wite Toer fan Tessaloniki, in prominint bouwurk út 'e Osmaanske tiid. No in symboal fan 'e stêd.

By de Osmaanske ferovering fan Tessaloniki waard de stêd fierhinne troch etnyske Griken bewenne. Yn 'e folgjende iuwen feroare de gearstalling fan 'e befolking lykwols yngeand. Der setten har in protte etnyske Turken yn Tessaloniki nei wenjen en lytsere oantallen etnyske Bulgaren en Albanezen. Neffens de Osmaanske folkstelling fan 1478 hie Selânik, sa't de Turken Tessaloniki neamden, 6.094 Gryksk-otterdokse húshâldings (meast Griken, mar ek guon Bulgaren) en 4,320 islamityske húshâldings (meast Turken, mar ek guon Albanezen en ta de islaam bekearde Griken en Bulgaren). Der waarden doe gjin joaden yn 'e stêd teld, wat suggerearret dat de Joadske mienskip dy't Tessaloniki yn 'e Romeinske Tiid hân hie, tsjin dy tiid folslein ferdwûn wie.

Koarte tiid letter emigrearren der lykwols hast 20.000 Sefardyske Joaden fan it Ibearysk Skiereilân nei de Grykske dielen fan it Osmaanske Ryk, nei't dyselden yn 1492 troch it Alhambradekreet fan Isabella I fan Kastylje en Ferdinand II fan Aragon út 'e Spaanske Keninkriken ferballe wiene. In protte fan harren setten har nei wenjen yn Tessaloniki. Yn 1500 waarden der yn 'e stêd 7.986 Gryksk-otterdokse húshâldings teld, 8.575 islamitysken en 3.770 joadsken. Tsjin 1519 wiene der 15.715 joadske húshâldings yn Tessaloniki, en foarmen de Sefardyske Joaden de grutste etnyske groep yn 'e stêd. Tessaloniki wie sadwaande doedestiden sawol de grutste Joadske stêd fan 'e wrâld as de iennichste stêd yn 'e wrâld dêr't de Joaden de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Dêrtroch waarden noch wer mear Joaden oanlutsen út oare gebieten, dêr't se ûnderdrukt waarden.

 
Demografyske ûntwikkeling fan 'e grutste etnyske groepen yn Tessaloniki fan 1500 oant 1950. (Blau: Griken; grien: Turken; oranje: Joaden)

Doe't yn 1821 de Grykske Unôfhinklikheidsoarloch útbriek, liet Yusuf Bey, de Osmaanske gûverneur fan Tessaloniki, fjouwerhûndert etnyske Griken út 'e stêd yn 'e hechten nimme as gizelders. Nei't der yn 'e doarpen op it Chalkidike-skiereilân rebûlje útbrutsen wie, liet Yusuf de helte fan dy gizelders ôfslachtsje. Dêrmei waard oan 'e Grykske mienskip yn Tessaloniki in slimmen slach tabrocht, dy't dy pas tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw te boppen komme soe.

Yn dyselde snuorje wie Tessaloniki in wichtich bolwurk fan 'e janitsaren, in ynfanterykorps fan it Osmaanske Leger dat fan âlds út ta de islaam bekearde en as soldaat oplate kristlike jonges bestie en beskôge waard as in karkloft. Tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw hiene de janitsaren har lykwols ûntjûn ta in soarte fan Pretoriaanske Garde, dy't de macht efter de troan foarme en nei eigen ynsjen sultans oanstelde en ôfsette. Dêr makke Mahmud II yn 1826 ûnder it saneamde Geunstich Ynsidint in ein oan, doe't er mei it korps ôfweefde en sa'n 6.000 janitsaren ombringe liet, wêrfan in diel yn Tessaloniki.

 
In Joadske húshâlding yn Tessaloniki (1917).

Tusken 1870 en 1913 woeks de befolking fan Tessaloniki mei 74% oan fan 41.000 ta 158.000 minsken. Dy ûntwikkeling waard dreaun troch de ekonomyske groei yn 'e stêd. De âlde stedsmuorren waarden foar it meastepart tusken 1869 en 1889 sljochte; yn 1888 kaam der mei in hynstetram in earste foarm fan iepenbier ferfier; en yn 1908 krige de stêd elektryske strjitferljochting. Yn 1888 waard Tessaloniki fierders oansletten op it Jeropeeske spoarweinetwurk, doe't de Chemins de Fer Orientaux by de stêd lâns oanlein waard nei Konstantinopel ta. Neitiid funksjonearre dat spoar sûnt 1896 as in sydline fan 'e ferneamde Oriïntekspres. Yn 1913 wie de stêd noch altyd tige etnysk ferskaat. Ek wie it noch altyd it iennichste grutte plak dêr't de Joaden de grutste befolkingsgroep foarmen mei 39%. Dêrnei folgen de Turken (29%), de Griken (25%), de Bulgaren en Masedoanjers (4%), de Roma (2%) en alle oaren (1%). De meast sprutsen taal yn Tessaloniki wie doedestiden it Sefardysk, de nau oan it Spaansk besibbe sprektaal fan 'e Sefardyske Joaden.

Tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw wie Tessaloniki in broeinêst fan radikale aktiviteiten fan ferskate nasjonalistyske groepearrings dy't in ein oan it Osmaanske Ryk meitsje woene, mar fierders folslein ferskillende doelen foar eagen hiene. Sa woe de Ynterne Masedoanyske Revolúsjonêre Organisaasje (IMRO), dy't yn 1897 oprjochte wie, Masedoanje befrije om it by Bulgarije te foegjen, wylst it Masedoanysk Komitee de stêd en omkriten krekt befrije woe om se by Grikelân te bringen. Yn 1903 fierde in anargistyske groepearring dy't himsels de 'Skippers fan Tessaloniki' neamde, mei wat help fan 'e IMRO ferskate bomoanslaggen op Osmaanske doelen yn 'e stêd út. Tessaloniki wie ek it sintrum fan 'e Jongturken, in politike herfoarmingsbeweging fan etnyske Turken binnen it Osmaanske Ryk, dy't de absolute monargy ferfange woe troch in grûnwetlik regear. Hja begûnen as in ûndergrûnske beweging, mar wisten yn 1908 troch de Jongturkske Revolúsje fanút Tessaloniki de macht yn it Osmaanske Ryk te gripen.

 
Kroanprins Konstantyn tsjocht ûnder de Earste Balkanoarloch oan it haad fan Grykske troepen Tessaloniki binnen op 8 novimber 1912.

Yn 1912 briek de Earste Balkanoarloch út tusken it Osmaanske Ryk en in gelegenheidskoälysje fan it Keninkryk Grikelân, it Keninkryk Bulgarije, it Keninkryk Servje en it Keninkryk Montenegro, dy't it op gebietsútwreiding nei Albaanje en Masedoanje foarsjoen hiene. Sawol de Bulgaren as de Griken longeren op 'e ferovering fan Tessaloniki, dat de oarloch rûn yn dit diel fan Masedoanje út op in ordinêre wedrin tusken de bûnsgenoaten. Tahsin Pasja, de kommandant fan it Osmaanske garnizoen fan 'e stêd, iepene ûnderhannelings oer syn oerjefte mei sawol de Griken as de Bulgaren, mar doe't op 8 novimber 1912 (26 oktober Alde Styl) in Gryksk leger ûnder kroanprins Konstantyn foar de stêd ferskynde, droech er de stêd oer oan 'e Griken. In Bulgaarsk leger ferskynde minder as 24 oeren letter by Tessaloniki, mar Tahsin Pasja sei tsjin 'e Bulgaarske oanfierder: "Ik haw mar ien Tessaloniki, en dat haw ik al oerjûn." Nei ôfrin fan 'e Twadde Balkanoarloch waard Tessaloniki mei it Grykske diel fan Masedoanje formeel troch Grikelân anneksearre ûnder it Ferdrach fan Boekarest.

Yn Grikelân

bewurkje seksje

Op 18 maart 1913 waard kening George I fan Grikelân yn Tessaloniki fermoarde troch de anargist Alexandros Schinas.

 
Alliëarde troepen yn Tessaloniki yn 'e Earste Wrâldoarloch.

Yn 1915, ûnder de Earste Wrâldoarloch, waard der in grut Alliëard ekspedysjeleger yn Tessaloniki gearlutsen, besteande út Frânske, Britske, koloniale, Servyske en Montenegrynske troepen. Dat barde tsjin 'e wil fan it doetiidske pro-Dútske regear fan Grikelân. De Alliëarde troepen waarden neitiid ynset oan it Masedoanyske Front tsjin Bulgarije, dat in bûnsgenoat fan it Keizerryk Dútslân wie. Yn 1916 ûntstie der yn Grikelân in opstân dy't yn Tessaloniki in pro-Alliëard tsjinregear oan 'e macht brocht mei stipe yn Gryksk-Masedoanje, Epirus en Kreta (de nije gebieten dy't troch Grikelân anneksearre wiene yn 'e Balkanoarloggen), wylst it 'âlde Grikelân' ûnder de macht it monargistyske pro-Dútske regear yn Atene bleau. Pas nei de abdikaasje fan kening Konstantyn I, yn 1917, waard Grikelân weriene ûnder it pro-Alliëarde regear.

Op 30 desimber 1915 fierde Eastenryk-Hongarije mei militêre fleanmasines in bombardemint út op Tessaloniki, dêr't teminsten ien persoan by omkaam. Yn 1917 waard it meastepart fan 'e âlde binnenstêd fan Tessaloniki ferwoastge by de Grutte Brân fan Tessaloniki, dy't op 18 augustus fan dat jier begûn as in útslaand kokenbrantsje. Der rekken 72.000 minsken dakleas, en trochdat in protte bedriuwen yn reek opgiene, waard 70% fan 'e ynwenners fan 'e stêd op slach wurkleas. It regear lei neitiid it near op in flugge weropbou, om't it fan Tessaloniki in moderne stêd mei in strjitteplan yn 'e Westerske styl meitsje woe.

 
In loftfoto fan 'e Grutte Brân fan 1917.

Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch ferlieten de measte etnyske Bulgaren en Masedoanjers Tessaloniki by in befolkingsruil tusken Grikelân en Bulgarije. Doe't Grikelân yn 1922 belies jaan moast yn 'e Gryksk-Turkske Oarloch fûn der yn 1923 ek in (folle gruttere) befolkingsruil tusken Grikelân en Turkije plak. Dêrby waarden frijwol alle etnyske Turken yn Tessaloniki ûnder twang nei Turkije deportearre. Om't de befolkingsruil net basearre wie op etnisiteit, mar op religy, waarden ek de islamityske etnyske Griken de grins oer set, wylst Grikelân dêrfoar de Gryksk-otterdokse befolking fan Lyts-Aazje en East-Traasje weromkrige. Fan dyselden setten har 160.000 yn Tessaloniki nei wenjen. Dêrtroch waarden de etnyske Griken ynienen de grutste befolkingsgroep yn 'e stêd en waarden de Joaden foar it earst sûnt de fyftjinde iuw ta in minderheid.

De Twadde Wrâldoarloch begûn foar Grikelân yn 'e hjerst fan 1940 mei in Italjaanske ynvaazje. Dy rûn al rillegau fêst, mar de Italjanen fierden swiere bombardeminten fan û.m. Tessaloniki út, wêrby't yn novimber 1940 allinnich al 232 minsken omkamen en mear as achthûndert gebouwen ferneatige of slim skansearre waarden. Yn 1941 kaam nazy-Dútslân syn faksistyske Italjaanske bûnsgenoat te help, wêrnei't it gau dien wie mei it oant dy tiid súksesfolle Grykske ferset. Tessaloniki foel op 8 april yn Dútske hannen. De Joadske mienskip yn 'e stêd waard geardreaun yn in getto deunby it spoar, dêr't op 15 maart 1943 de deportaasje fan 'e Joaden fan Tessaloniki wei begûn nei de ferneatigingskampen Auschwitz en Bergen-Belsen. De measten fan 'e 45.000 op transport stelde Joaden út Tessaloniki waarden by oankomst fuortendaliks fergast. Mar 1.800 fan harren (4%) oerlibbe de Holokaust.

 
Registraasje fan Joaden yn Tessaloniki troch de nazys (july 1942).

Mei't Tessaloniki de earste grutte Grykske stêd wie dy't ûnder de hearskippij fan 'e nazys kaam, wie it ek it plak dêr't de earste Grykske fersetsgroepen ûntstiene. De nazys fêstigen yn 'e stêd it Konsintraasjekamp Pavlos Melas, dêr't se fersetslju en oare anty-faksisten opsleaten yn tarieding om se te fermoardzjen of se troch te stjoeren nei oare konsintraasjekampen. Op 30 oktober 1944 waard Tessaloniki befrijd troch troepen fan it kommunistyske Grykske Folksbefrijingsleger (ELAS) ûnder Markos Vafiadis. Yn jannewaris 1945 moasten de kommunisten har út 'e stêd weromlûke. Under de Grykske Boargeroarloch (1946-1949), tusken kommunisten en kapitalisten, lei Tessaloniki net oan it front. By de Grykske folksriedplachting fan 1946, oer hokker steatsfoarm it lân krije moast, stimden de measte ynwenners fan Tessaloniki foar de republyk, oars as de rest fan it lân, dêr't yn mearderheid foar werynstelling fan it keninkryk stimd waard.

De weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch sette yn Tessaloniki yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren útein en duorre fuort yn 'e 1950-er, 1960-er en 1970-er jierren mei grutskalige ûntwikkeling fan nije ynfrastruktuer en yndustry. In protte ier-kristlike en Byzantynske monuminten yn 'e stêd wiene beholden bleaun en kamen yn 1988 op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Yn 1997 wie Tessaloniki kulturele haadstêd fan Jeropa. Yn 2004 waard yn 'e stêd in diel fan it fuotbaltoernoai holden yn it ramt fan 'e Olympyske Simmerspullen fan Atene.

 
De âlde sit fan it tsjinregear ûnder de Earste Wrâldoarloch. No it Ministearje foar Masedoanje en Traasje.

Tessaloniki is al sûnt de Romeinske Tiid in hannelsknooppunt op 'e súdlike Balkan, mei't yn 'e stêd twa hannelsrûtes inoar krústen. De iene gie fan west nei east, fan Durrës, oan 'e kust fan 'e Adriatyske See yn wat no Albaanje is, nei Byzantium (letter Konstantinopel, no Istanbûl), yn wat no Turkije is. De oare late fan it streamgebiet fan 'e Donau yn 'e noardlike Balkan fia de dellingen fan 'e Morava en de Vardar of Axios nei de noardkust fan 'e Egeyske See. Letter spile ek mei dat in protte Joaden fan âlds keaplju wiene en dat Tessaloniki in tige grutte Joadske mienskip hie.

Sûnt de njoggentjinde iuw hat Tessaloniki him ek op oare ekonomyske sektoaren rjochte. Sa wie der yn 'e stêd foarhinne in bloeiende tabaksyndustry fêstige, dy't sa'n 35% fan 'e folsleine Grykske tabakssektor útmakke. Ek is Tessaloniki al sûnt de Osmaanske tiid in finansjeel sintrum mei in protte banken en fersekeringsmaatskippijen. Hjoed de dei is de tsjinstesektor ferantwurdlik foar twatrêdepart fan alle wurkgelegenheid yn Tessaloniki. De tsjinsten yn 'e stêd binne sa ferdield: 20% hannel, 13% ûnderwiis en sûnenssoarch, 7,1% ûnreplik goed, 6,3% ferfier, kommunikaasje en opslach, 6,1% finansjele tsjinstferliening; 5,7% oerheidstsjinsten; en 5,4% horeka. De haven fan Tessaloniki is ien fan 'e grutsten en wichtichsten fan Grikelân en de hiele Egeyske krite. Fierders is de stêd ek in populêre toeristyske trekpleister mei al syn histoaryske monuminten.

 
De Panagia Chalkeontsjerke, dy't datearret út 1028.
 
De 4e-iuwske Bôge fan Galearius, oprjochte troch de Romeinske keizer Galearius.
 
In restearjend stik fan 'e Muorren fan Tessaloniki.
 
De Wite Toer fan Tessaloniki.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

De Boppestêd (Ano Poli) is in diel fan 'e âlde binnenstêd mei Byzantynske en Osmaanske arsjitektuer, dat ûntkaam oan 'e Grutte Brân fan 1917. Troch it krewearjen fan aktrise, sjongster en minister fan Kultuer Melina Merkouri waarden in oantal monuminten yn 1988 opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO ûnder de namme Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki. De Boppestêd omfettet û.m.:

Oare bouwurken dy't it besjen lije kinne, binne:

Susterstêden

bewurkje seksje

Tessaloniki hat 19 susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.


Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Tessaloniki as gemeente doe in befolking fan 325.182 minsken. De befolkingstichtens bedroech 16.848 minsken de km². De hiele stêdekloft fan Tessaloniki hie yn 2011 1.030.338 ynwenners. Oer yndieling fan 'e Tessalonikers nei etnisiteit binne gjin gegevens beskikber, hoewol't dúdlik is dat tsjintwurdich de etnyske Griken fierwei de grutste befolkingsgroep yn 'e stêd foarmje.

 
It stânbyld fan Aleksander de Grutte op 'e promenade fan Tessaloniki.

Berne yn Tessaloniki

bewurkje seksje

Tessaloniki hat in Mediterraan klimaat, mei hjitte, drûge simmers en tige mylde wiete winters, dy't ek ridlik drûch binne. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 9,3 °C. Simmerdeis hat de stêd gauris te lijen ûnder hjitteweagen. Rekôrtemperatueren dy't yn Tessaloniki metten binne, bedrage 44,0 °C en –14,2 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 444,5 mm delslach. Sniefal komt der net foar.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.