Durrës (/ˈdʊrəs/ DUURR-əs, Albaneesk: [ˈdurəs]; Albaneeske bepaalde foarm: Durrësi, Gryksk: Δυρράχιο, Dyrrachio; Italjaansk: Durazzo; Latyn:Dyrrhachium; Turksk: Dıraç) is in stêd (bashki) yn Albaanje. De stêd is mei goed 175.000 ynwenners de twadgrutte stêd fan dat lân en de haadstêd fan de prefektuer mei deselde namme. De stêd hat in skiednis fan 2500 jier en is ien fan de langst kontinuë bewenne stêden yn Albaanje. De stêd leit op in flakke stripe oan de súdeastkust fan de Adriatyske See en is de wichtichste havenstêd en spoarknipepunt fan it lân.

Durrës
Haven fan Durrës
Haven fan Durrës
Bestjoer
Lân flagge fan Albaanje Albaanje
prefektuer Durrës
Sifers
Ynwennertal 175.110[1]
Oerflak 338,30[2]
Befolkingsticht. 518 ynw./km²
Hichte 0 m. (2 m.) boppe seenivo
Oar
Postkoade 2001-2006
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 41° 19' N, 19° 27' E
Offisjele webside
www.durres.gov.al
Kaart
Durrës (Albaanje)
Durrës
Lizzing fan Durrës yn Albaanje
Tsjerke fan Sint Astius en Sint-Paulus yn Durrës
Fenesjaanske kanontoer

De stêd waard yn 627 f.Kr. troch Aldgrykske kolonisten út Korinte en Corcyra ûnder de namme Epidamnos, stifte.

Yn de Romeinske tiid stie Durrës ek wol bekend as Dyrrhachium. De stêd Durrës waard yn de rin fan de tiid ferovere troch Alde Griken, Romeinen, Byzantinen, Noarmannen en letter de Osmanen.

Yn de midsiuwen wie Durrës gauris it striidplak tusken Bulgaren, Feneesjers, pleatslike Albaneeske eallju en it Osmaanske Ryk. De Osmanen wiene lang om let de oerwinners en hearsken wol mear as 400 jier oer de stêd fan 1501 oant 1912.


De Albaneeske nasjonale befrijingsbeweging yn de perioaden 1878-1881 en 1910-1912 wie tige warber yn Durrës. Ismail Qemali hie de Albaneeske flagge yn Durrës op 26 novimber 1912, twa dagen foar de ferklearring fan de Albaneeske ûnôfhinklikens fan it Osmaanske Ryk. Durrës waard foar in koart skoftke tiid de haadstêd fan it Foarstedom Albaanje. Dêrnei waard it troch Itaalje, yn de perioade tusken de twa wrâldkrigen, anneksearre en waard yn de Twadde Wrâldkriich troch Nazy-Dútslân beset.

Nei de kriich krigen de kommunisten de macht yn Albaanje en yn dy snuorje woeks de stêd tige by tige. Under it kommunistyske rezjym fan Enver Hoxha waard yn Durrës it earste spoar fan Albaanje iepene, dy't yn 1947 ree kaam (spoar Durrës–Tirana).

Nei it ynstoarten fan it kommunistyske bewâld yn 1990, waard Durrës it mulpunt fan massale emigraasjes út Albaanje wei mei skippen dy't yn 'e haven kaapt waarden en dy't ûnder twang nei Itaalje fearen. Yn ien moanne tiid, yn augustus 1991, migrearren mear as 20.000 minsken op dy manier nei Itaalje.

Nei it begjin fan 'e 21e iuw waard Durrës revitalisearre. In protte strjitten waarden fannijs ferhurde, wylst parken en gevels in opkaltefatere waarden.

Hjoed-de-dei is Durrës ien fan 'e grutte toeristyske attraksjes yn Albaanje, mei syn strannen, syn haven, syn saaklike sintra en âlde erfguod lykas: Amfiteater fan Durrës, mozaïken by in basilyk yn it Amfiteater, Alde muorren fan Durrës, Fenesiaanske toer, Tsjerke fan Sint Asti en apostel Paulus, it hûs fan Ahmet Zogu en Bunkers fan Durrës.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • It Amfiteäter fan Durrës (Amfiteatri i Durrësit)
  • It Argeolgysk Museum fan Durrës (Muzeu Arkeologjik)
  • Boarstbyld fan Ismail Qemali, de stifter fan it hjoeddeiske Albaanje, yn it ramt fan de hûndertjierrige ûnôfhinklikens fan Albaanje, dy't yn novimber 2012 bleatsteld waard.
  • Boarstbyld fan August Falises troch Lodewijk Thomson, op 'e strânpromenade.
  • Oerbliuwsels fan it foarum en de termen út 'e Romeinske tiid.
  • It hûs dêr't toanielakteur Alexander Moisi as bern wenne hat, yn gebrûk as museum.
  • De Fatihmoskee (Xhamia e Fatihut) en Grutte Moskee (Xhamia e Madhe).
  • It grutte partisanestânbyld op 'e seedyk.
  • Plazhi i Durrësit, it strân fan Durrës, simmerdeis tige populêr ûnder toeristen út it gânse Albaneeske taalgebiet.
  • De otterdokse Sint-Paulus- en Sint-Astiustsjerke
  • De oerbliuwsels fan de Byzantynske en Fenesjaanske stedsmuorren (Kastiel fan Durrës, Kalaja e Durrësit), mei Fenesjaanske kanontoer.
  • It kommunistysk stânbyld fan Musa Ulqinaku
  • De rôze simmerfilla fan kening Zog I (Vila e Mbretërore e Durrësit), dy't op in heuveltop justjes westlik fan it stedsintrum stiet.
 
Panorama fan Durrës

Stêdebannen

bewurkje seksje
 
Alde Amfiteäter

Durrës ûnderhâldt stêdebannen mei de folgjende stêden:

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Durrës fan Wikimedia Commons.