Bari
Bari (Napolitaansk: Bare) is in havenstêd oan de Adriatyske See. It leit yn it noardwesten fan de 'hakke' fan de Lears fan Itaalje. Bari is de haadstêd fan de provinsje Bari mei deselde namme en fan de regio Apulje. De stêd hat om-ende-by 328.458 ynwenners.
Bari Bare (Napolitaansk) | ||
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd en haven | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Apulje | |
Stedsgewest | Bari | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 316.491 (jannewaris 2023) | |
Oerflak | 117 km² | |
Befolkingsticht. | 2700 ynw/km² | |
Hichte | 5 m | |
Offisjele webside | ||
Bari – offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer de Italjaanske stêd Bari. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bari (betsjuttingsside).
Bari is in wichtich havenplak. Ut de haven wei farre geregeld feartsjinsten nei Durrës yn Albaanje, en nei oare stêden lykas Dubrovnik yn Kroaasje en Bar yn Montenegro.
Skiednis
bewurkje seksjeEartiids lei Bari yn de ynfloedssfear fan de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje. Letter wie it as Barium part fan it Romeinske Ryk en troch de iuwen hinne hie it mei ferskate oerhearskers te krijen, krektas Goaten, Noarmannen en yn de 9e iuw mei Arabieren. Yn tsjinstelling ta Malta en Sisylje lei Bari net oan de wichtichste seerûtes fan de Middellânske See.
Yn de Basilyk fan Sint-Nikolaas yn Bari wurdt it stoflik omskot fan Sint Nikolaas bewarre, de biskop fan Myra. De hillige Nikolaas is beskermhillige fan de stêd.
Hjoed-de-dei
bewurkje seksjeFierders is Bari in universiteitsstêd en beskikt it oer in histoarysk museum.
Galery
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bari fan Wikimedia Commons. |