Sisylje
Sisylje (Italjaansk en Sisyljaansk: Sicilia, betsjut "it eilân mei de trije punten" (dat is teffens de namme fan de flagge), is in eilân en (sûnt 1947) in autonome regio fan Itaalje. It eilân leit yn de Middellânske See tusken de, op de Italjaanske fêstewâl lizzende regio Kalaabrje en Tuneezje yn Noard-Afrika. Súdlik fan Sisylje leit it lytse eilânsteatsje Malta.
Sisylje | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Palermo |
Oerflakte | 25.710 |
Befolking | 5.087.000 |
Befolkingstichtens | 198 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Etna 3323 |
Oantal gemeenten | 390 |
Provinsjes | Agrigento, Kaltanissetta, Katania, Enna, Messina, Palermo, Ragusa, Sirakuse, Trapany |
Fierders hearre by Sisylje de Liparyske of Eolyske Eilannen, it eilantsje Ustika, de Egadyske Eilannen, it eilân Pantelleria en de Pelagysje Eilannen. Dy lêste twa eilannen lizze flak foar de kust fan Tuneezje en hearre geologysk besjoen ta it Afrikaansk kontinint.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste bewenners fan it eilân, noch foar de Grykske koloanisaasje wienen de Elymianen, Sisany en Siselen. Letter waard Sisylje koloanisearre troch Foenysjers út Kartago en it âlde Grikelân. Dy koloanisaasje begûn yn de 8e iuw f.Kr. Sisylje foarme doe tegearre mei Súd-Itaalje it saneamde Magna Graecia. Fanút Sisylje soene ferskate stêdsteaten stifte wurde, ûnder oaren Gela, Agrigento, Selinunte, Himera en Messina.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeSisylje is benammen bekend fanwege it grutte tal ymmigranten dy't emigrearre binne nei de Feriene Steaten, de oarsprong fan de maffia, it tanimmende toerisme en de noch hieltyd tige aktive fulkaan de Etna.
Taal
bewurkje seksjeOp Sisylje wurdt njonken it Italjaansk ek Sisyljaansk sprutsen, dat besibbe is oan it dialekt fan Kalaabrje. It Sisyljaansk wurdt as in eigen taal beskôge.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeSisylje bestiet út njoggen provinsjes. De provinsjes Agrigento, Kaltanissetta, Katania, Enna, Messina, Palermo, Ragusa, Syrasuse, Trapany.
Geografy
bewurkje seksjeLânskip
bewurkje seksjeYn it easten, tichtby Katania, leit de fulkaan de Etna dy't as in grutte bult yn it lânskip tige opfalt. Dêromhinne leit in frij flak gebiet. Dêr wurdt in soad fruit ferboud. Yn west en sintraal Sisylje wurdt it lânskip dominearre troch heuvels. Wat opfalt is de drûchte dy't simmers hieltyd oanwêzich is en de goudbrune kleur yn de heuvels feroarsaket, útsein troch de folle sitroen- en sinaasappelplantaazjes, dêr't befloeiïng oanwêzich is.
Yn it noarden fan it eilân lizze grutte griene wâlden.
Krekt yn it midden fan Sisylje leit it in grut aaifoarmich mar, it Lago Pergusa (1x1,5 km), mei dêr omhinne it Autodromo di Pergusa, in sirkwy foar autorezen.
Utsein de Etna, hat Sisylje yn de neite ek noch de relatyf lytse, mar tige aktive fulkaan Stromboly, it noardlikste fan de Liparyske of Eolyske Eilannen.
Wichtige stêden
bewurkje seksjeDe haadstêd fan Sisylje is Palermo. Oare grutte stêden binne:
Klimaat
bewurkje seksjeSisylje beskikt oer in Middellânsk Seeklimaat mei waarme simmers en sêfte winters mei in protte rein.
Ferfier
bewurkje seksjeFanút Messina is der in boatferbining mei Itaalje. Lofthavens binne der yn Katania, Palermo en Trapany. Yn Katania is sûnt 1999 in Metro
Keppeling om utens
bewurkje seksjeRegio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |