Aostadelling
De Aostadelling (Italjaansk: Valle d'Aosta of Val d'Aosta; Frânsk: Vallée d'Aoste) is in yn 1945 oprjochte bercheftige autonome regio yn noardwestlik Itaalje. It is de lytste regio fan it lân, dy't yn it westen grinzget oan Frankryk, yn it noarden oan Switserlân en yn it suden oan 'e regio Piëmont.
Aostadelling Valle d'Aosta Vallée d'Aoste | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Aosta |
Oerflakte | 3.260,9 km² |
Befolking | 122.935 (31.07.2024) |
Befolkingstichtens | 37,7 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Mont Blanc: 4.800 m |
Oantal gemeenten | 74 |
Provinsjes | Aosta |
Geografie
bewurkje seksjeDe Aostadelling beslacht 3.260,9 km² en de haadstêd is Aosta. De regio omfettet, sa't de namme al seit, de delling fan Aosta, feitliks de delling fan 'e rivier de Dora Baltea, dy't in sydrivier fan 'e Po is. Ferskate syddellings hearre ek ta de regio.
Begrinzing
bewurkje seksjeYn it noarden wurdt de Aostadelling fan it Switserske Wallis (de delling fan 'e Rhône) skaat troch de Walliser Alpen. De Grutte Sint-Bernardpas liedt oer dizze berchrêch nei Martigny. Oare passen oer de Walliser Alpen binne allinnich rinnende begeanber. Yn it noardwesten wurdt de regio begrinzge troch it massyf fan 'e Mont Blanc, oare kant wêrfan't yn Frankryk de delling fan Chamonix leit. De Aostadelling is mei Chamonix ferbûn troch de Mont-Blanctunnel, dy't de E25 ûnder de Mont Blanc troch liedt.
Súd en súdwest fan 'e Aostadelling lizze de Grajyske Alpen, dêr't de Lytske Sint-Bernardpas oer nei it westen liedt, nei Bourg-Saint-Maurice yn 'e Savoaiske Tarentaisedelling. De súdkant fan 'e Aostadelling wurdt foarme troch it massyf fan 'e Gran Paradiso. Yn it easten grinzget de regio, ta einbeslút oan 'e Piëmonteeske dellings Valsesia en Val d'Ossola.
Befolking
bewurkje seksjeDe Aostadelling hat in befolking fan om-ende-by 123.000 ynwenners (2024). Der wurde ferskate talen sprutsen: Italjaansk, Franko-Provinsaalsk en Frânsk. It Frânsk, dat mei in Italjaansk in offisjele status yn 'e regio hat, wurdt mar troch in lytse minderheid fan 4.000 minsken as memmetaal sprutsen; in folle grutter oanpart fan 'e befolking wurdt foarme troch de lju dy't fan hûs út Franko-Provinsaalsk prate: 68.000. Dat is in taal dy't healwei tusken it Frânsk en it Oksitaansk yn stiet, en dy't ek yn it Frânske Savoie en yn súdwestlik Switserlân sprutsen wurdt.
Gemeenten
bewurkje seksjeGrutste gemeenten yn 'e regio neffens ynwenners (sifers: 31.12.2020):
Posysje | Wapen | Gemeente | Ynwennertal |
Oerflak (km²) |
Hichte (m boppe seenivo) |
---|---|---|---|---|---|
1º | Aosta | 34.110 | 21,39 | 583 | |
2º | Sarre | :4.759 | 28,28 | 625 | |
3º | Châtillon | 4.454 | 39,68 | 549 | |
4º | Saint-Vincent | 4.402 | 20,57 | 575 | |
5º | Quart | 4.051 | 62,05 | 535 | |
6º | Pont-Saint-Martin | 3.543 | 6,92 | 345 | |
7º | Saint-Christophe | 3.407 | 14,74 | 619 | |
8º | Gressan | 3.395 | 25,30 | 626 | |
9º | Saint-Pierre | 3.201 | 26,18 | 676 | |
10º | Nus | 2.968 | 57,36 | 529 |
Ofbylden
bewurkje seksje-
Nasjonaal Park fan Gran Paradiso
-
Kastiel fan Fénis
-
Fort fan Bard.
-
Kastiel fan Saint-Pierre.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aostadelling fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |