Kalaabrje
Kalaabrje (Italjaansk: Calabria) is in regio yn it suden fan Itaalje, súdlik fan Napels, dy't oprjochte waard yn 1861. De regio foarmet feitlik de súdwestlike punt oan de foarkant fan de Lears fan Itaalje. Yn it noarden wurdt er begrinze troch de regio Basilikata, yn it westen troch de Tyrreenske See en yn it easten troch de Ioanyske See. Kalaabrje leit foar it eilân Sisylje oer mei dêr tusken de Strjitte fan Messina. It oerflak fan de regio beslacht sa'n 15.200 km² en der wenje likernôch 1,8 miljoen minsken (2024).
Kalaabrje | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Catanzaro |
Oerflakte | 15.221,90 km² |
Befolking | 1.834.518 (30.06.2024) |
Befolkingstichtens | 120,52 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Serra Dolcedorme: 2267 |
Oantal gemeenten | 404 |
Provinsjes | Catanzaro, Cosenza, Crotone, Reggio Calabria, Vibo Valentia |
De regionale haadstêd is Catanzaro. Simmerdeis wurdt de regio in soad troch toeristen besocht.
Skiednis
bewurkje seksjeKalaabrje wie eartiids in wichtich sintrum fan de Grykske beskaving, noch foar de opkomst fan it Romeinske Ryk. Dêr libbe ek de ferneamde wiskundige Pytagoras. Yn it Nasjonaal Museum fan Reggio Calabria steane de bekende Grykske bylden, de Bronzi di Riace.
De regio makke jierren diel út fan it Romeinske Ryk en hearde dêrnei by it Byzantynske Ryk. Letter kaam er ûnder de macht fan Noarmannen, dy't it keninkryk Napels stiften dat lange tiid oer Kalaabrje hearskje soe oant en mei de ienwurding fan Itaalje. Ferskate dynastyen hawwe oer it keninkryk hearske. Al dy tiid bleau Kalaabrje in earm en eftersteld gebiet. De Aspromonte, in bercheftige krite yn sintraal Kalaabrje, wie ek it toaniel fan de ferneamde slach fan de Risorgimento (ienwurding fan Itaalje) dêr't Garibaldi ferwûne rekke.
Lang hat de organisearre misdied yn 'e regio sterk oanwêzich west, itjinge tsjintwurdich yn betsjutting ôfnimt .
Provinsjes
bewurkje seksjeDe regio is opdield yn fiif provinsjes, dy't nei de haadstêden ferneamd binne.
Kaart | Wapen | Provinsje | Ofk. | Haadstêd | Tal gemeenten | Ynw. |
---|---|---|---|---|---|---|
Catanzaro | Catanzaro | 80 | 340.679 | |||
Cosenza | Cosenza | 150 | 668.992 | |||
Crotone | Crotone | 27 | 160.775 | |||
Reggio di Calabria | Reggio di Calabria | 97 | 516.601 | |||
Vibo Valentia | Vibo Valentia | 50 | 149.899 |
Gemeenten
bewurkje seksjePosysje | Wapen | Gemeente | Provinsje Metropolitane stêd |
Ynw. | Oerflak (km²) |
---|---|---|---|---|---|
1 | Reggio Calabria | RC | 170.567 | 239,04 | |
2 | Catanzaro | CZ | 84.415 | 112,72 | |
3 | Corigliano-Rossano | CS | 73.913 | 346,56 | |
4 | - | Lamezia Terme | CZ | 67.041 | 162,43 |
5 | Cosenza | CS | 63.741 | 37,86 | |
6 | Crotone | KR | 58.179 | 179,83 | |
7 | - | Rende | CS | 36.462 | 55,28 |
8 | Vibo Valentia | VV | 31.032 | 46,57 | |
9 | - | Castrovillari | CS | 20.734 | 130,64 |
10 | Montalto Uffugo | CS | 20.095 | 76,67 | |
11 | Gioia Tauro | RC | 19.184 | 39,87 | |
12 | Acri | CS | 18.760 | 200,63 | |
13 | Palmi | RC | 18.024 | 32,12 | |
14 | Siderno | RC | 17.562 | 31,86 | |
15 | Isola di Capo Rizzuto | KR | 17.424 | 126,65 | |
16 | - | Cassano all'Ionio | CS | 16.465 | 159,07 |
17 | San Giovanni in Fiore | CS | 15.825 | 282,53 | |
18 | - | Taurianova | RC | 14.811 | 48,55 |
19 | - | Paola | CS | 14.690 | 42,88 |
20 | - | Rosarno | RC | 14.369 | 39,56 |
Ofbylden
bewurkje seksje-
Reggio Calabria.
-
Santa Maria dell'Isola, Tropea.
-
Scilla.
-
Cosenza.
-
Varia di Palmi (lêste snein augustus).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kalaabrje fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |