Fenysjers

(Trochferwiisd fan Foenysjers)

De Fenysjers of Fenisiërs wienen eartiids de ynwenners fan Fenysje, in streek yn it Midden-Easten dat sawat oerienkaam mei it tsjintwurdige Libanon. De oarsprong fan de Fenysjers is ûndúdlik, mar nei alle gedachten wienen sy in gearsmelting fan nomaden út it neistlizzende Kanaän mei de kustbewenners. Nei de delgong fan de Minoyske beskaving, waarden de Fenysjers tusken 1500 en 400 f.Kr. de wichtichste seefarders en hannelers fan de Middellânske See. Oeral by de kust del waarden troch har koloanjes stifte, dêr't Kartago de wichtichste fan wie.

Kaart fan Fenysje

Taal en godstsjinst

bewurkje seksje

De taal fan de Fenysjers, it Fenisysk wie in Semityske taal, dat nau besibbe wie oan it Hebriuwsk en oan de taal fan de bewenners út Kanaän, noch foar de oermastering troch de Joaden.

Harren religy hie in protte oerienkomsten mei dat fan de heidenske Kanaäniten. Bekende goaden wienen Baäl ("de hear", ek wol "Melkart", "kening fan de stêd", neamd en Astarte (of Isjtar).

Hannel en seefeart

bewurkje seksje
 
De Fenisyske hannelsrûtes.

Mear as tûzen jierren wiene de Fenysjers de wichtichste en meast suksesfolle seefarders en hannelers fan de Middellânske See. Om harren hannel oer see fierder te stimulearen en yn stân te hâlde kinnen stiften sy oeral koloanjes op de eilannen en oa de kusten fan it Middellânske Seegebiet. Yn de rin fan de tiid ûntstie der in liga fan selsstannige Fenisyske stêdsteathavens. De hannelsliga foarme in skeakel tusken de Levant, dat ryk wie oan natuerlike boarnen, en de rest fan de antike wrâld.

De hannel fan Fenysjers bestie û.o. út sederhout dat ôfkomstich wie út de bosken fan it Libanonberchtme, en dat brûkt waard foar it meitsjen fan skippen en oare saken. It Grykske wurd Tyrysk purper ferwiist nei de kleurstof dêr't sy benammen om bekend stiene en ek nei de haven fan Tyrus. Moai tekstyl hearde dan ek ta de Fenisyske wielde en ek Fenisysk glês. Hja hienen, sa't bliken die, as earsten de technyk yn 'e fingers om glês trochskinend te meitsjen. En hoewol't de Fenysjers gjin lânbouwers wienen, fokten hja wol skiep en ferkochten sy wol.

Oare artikelen dy't ferhannele waard wiene fral tin en sulver út Spanje, dat mei Syprysk koper ta brûns ferwurke waard. Neffens de antike histoarikus Strabo hat der ek in lukrative tinhannel mei Bretagne en de Britske eilannen (benammen de Scilly-eilannen fan Kornwall) west. De Aziatyske hannelsrûtes konvergearren ek op de Fenysyske kusten. As gefolch dêrfan koe Fenysje ek in wichtige rol spile yn de hannel tusken Mesopotaamje en noch fierder Aazje yn oan de iene kant, en Egypte, Noard-Afrika en Araabje oan de oare kant. Fierders hâlden de Fenysjes harren dwaande mei wynbou yn Libanon en de hannel dêryn.

It hichtepunt fan Fenysje as seemacht wurdt meastentiids it tiidrek tusken 1200800 f.Kr. sjoen.

Fenisyske stêden

bewurkje seksje
 
Oerbliuwsels fan in Tempelkompleks yn Byblos

De Fenysjers hawwe nea in ienheidsteat foarme. Krektas by de Griken wienen sy ferdield yn in oantal stêdsteaten. Ta de wichtichste fan dizze stêdsteaten hearden Sidon, Tyrus, Byblos en Beirût.

Lange jierren wienen dy stêdsteaten ûnderhearrich oan ien fan de grutte riken yn de regio, lykas it Assyryske Ryk of it Perzyske Ryk fan de Achaimeniden, dêr't sy lykwols in soad autonomy by holden. By de grutte krigen dy't troch it Perzyske Ryk holden waarden, leveren de Fenisyske stêden it measte part fan de oarlochsfloat fan de Perzen. Yn de klassike âldheid wienen de Fenysjers op see de grutste konkurrinten fan de Griken.

De wichtichste koloanje dy't de Fenysjers oersee stiften wie Kartago yn it tsjintwurdige Tuneezje. Dy stêd soe de rol oernimme fan it memmelân as hanneler yn de Middellânske See doe't nei de oermastering fan Fenysje troch de Perzen om-ende-by 500 f.Kr. de maritime en kommersjele ynfloed fan Fenysje stadichoan tebek rûn. Ek de Grykske stêdsteaten folden it gat op dat de Fenysjers efterlieten. Kartago waard dêrtroch de grutte rivaal fan de Griken yn it suden fan Itaalje en op Sisylje (Magna Graecia).

De supremasy fan it iere Rome oer Kartago begûn mei de oerwinning op Hannibal yn de Twadde Punyske oarloch. De Romeinske senator Kato (234 - 149 f.Kr.) fûn it gefaar fan Kartago, nettsjinsteande de behelle oerwinning, noch hieltyd sa grut dat er by alle redefieringen foar de Romeinske senaat einige mei te sizzen: "Fierders bin ik fan betinken dat Kartago ferwoaste wurde moat" (Ceterum censeo Carthaginem esse delendam).

Neidat Kato syn sin krigen hie yn Tredde Punyske oarloch, dêr't Kartago folslein yn ferwoastge waard, waarden ek ien foar ien alle stêdsteaten fan Grikelân, Egypte, Syrje en Lyts-Aazje ûnderwurpen. Dêrmei kaam ek Fenysje, dat ûnder Syrje foel, ûnder Romeinsk bewâld (150 f.Kr.). Lykwols bleau Fenysje yn de Romeinske tiid reedlik woltierich. Dat soe sa bliuwe oant en mei de komst fan islaam nei de regio sa om-ende-by 680. Sûnt dy tiid begjint stadichoan it ferfal yn te treden.

Utfinings dy't oan de Fenysjers taskreaun wurde

bewurkje seksje
 
It Fenisysk alfabet

Keppeling om utens

bewurkje seksje