Wol of skearwol is it hier fan meast in skiep of geit.

Wol fan in Merinoskiep

Troch de tafoeging fan it wurd skear wurdt de neidruk lein op de bettere kwaliteit dy't it produkt hat. It is krekt oft in skearwollene trui waarmer is as in wollen trui.

It wurd skear tsjut op it noch net-brûkte fan de wol sûnt de wol fan it libbene skiep komd is (skeard), mar jout gjin garânsje dat de tried net ek foar in gedielte bestiet út wol fan in dea skiep (bleatwol) of keunstwol (regenerearde wol) of in oar produkt, lykas katoen, befettet.

Bisten dy't wol leverje

bewurkje seksje
 
Kasjmiergeiten

Diersoarten dy't hier en wol leverje binne:

  • Skiep, domestisearre fee dat ek hâlden wurdt om fleis en molke.
  • Alpaka, libbet yn de Andes yn Súd-Amearika. Ek de lytste lama, de Vicuña, leveret wol.
  • Knyn, út soarte it angoaraknyn. De angoarawol is tige sêft en hiel licht. Om him sterker te meitsjen wurdt angoarawol wol mingd mei skieppewol of oare rizels.
  • Geit. Kasjmierwol komt fan de Kasjmiergeit, dy't Angola en Mongoalje foarkomt. Dy bisten libje yn it wyld yn ûnherberchsume gebieten. De wol wurdt mei de hân út de ûnderfacht fan de bûk kamme en hjit ek wol 'pashmina'. Mohair komt fan de angoarageit.
  • Kamiel, ljocht of donkerbrún hier dat wol tapast wurdt yn jassen en blazers.
  • Hynder, brún, swart en wyt fan sturt en moanjes, dat brûkt wurdt foar it beklaaien fan stuollen, 'tuskenlinnen' foar revers fan klean.
  • Jak (û.o. Mongoalje) foar flierkleed en tuskenlinnen.