De Goaten wienen in East-Germaansk folk dat in wichtige rol spile yn de delgong fan it West-Romeinske Ryk.

Goatyske fibula
 
Goatlân yn it read, dêr't de Goaten mooglik weikamen.

De Goaten soenen neffens oerlevering út is suden fan Skandinaavje (Sweden) komd wêze. Neffens guon is it eilân Gotlân yn de Eastsee nei harren ferneamd. Skiedkundigen binne it dêr net oer iens. Guon geane derfan út dat dizze ferhalen yn wêzen klopje, ek om it foarkommen fan Goaten yn dy krite. Oaren twifelje oan dizze ôfkomst, en tinke dat it oer twa ferskate folken giet mei nammen dy't tafallich op inoar lykje.

Mear wissens hawwe wy oer it tiidrek koart foar it begjin fan de jiertelling. De Goaten wennen doe oan wat no de Poalske kust is. Archeologen kenne har oerbliuwsels dêr as de Wielbark-kultuer. Yn de twadde en tredde iuw wreiden de Goaten har út nei it suden, oer Poalen, Wyt-Ruslân en Oekraïne.

De eardere Goaten wienen nei alle gedachten feehoeders en libben fan jacht en sammeljen. Neffens de oerlevering hienen se keningen, mar dy waarden meastentiids keazen dan dat sprake wie fan in echte allinnich hearsker. Der binne in oantal foaroansteande geslachten bekend lykas de Balta by de Fisigoaten of de Amal by de Ostrogoaten. Neist de Goaten wienen der noch oare East-Germaanske stammen, grutte en lytsere lykas de Bourgonden, de Fandalen, de Gepiden, de Rugjers, de Herulen, Bastarnen en de Skieren. It liket derop dat de Goaten ynearsten troch de Fandalen ûnderwurpen wienen, mar harren letter frij fochten hawwen; wis en waarachtich is dat lykwols net.

Oekraïne en Transsylvaanje

bewurkje seksje

Yn de tredde en fjirde iuw loeken de Goaten nei it suden, en festigen harren yn it gebiet tusken de Donau en de Don, it tsjintwurdige Roemeenje en Oekraïne. De splitsing yn Ostrogoaten en Fisigoaten (betiden ferkeard ferbastere ta East-Goaten en West-Goaten) stammet wierskynlik út de tiid nei harren oankomst dêre. Der ûntstienen twa Goatyske riken, de klassike skriuwers meitsje sûnt om-ende-by 270 melding fan twa ferskillende stammen. Nettsjinsteande alle omswervingen is der altyd in lyts part yn de omkriten efterbleaun, tsjûge it bestean fan it Krim-Goatysk oant de 18e iuw op it Krim-skiereilân.

It Romeinske Ryk

bewurkje seksje

Ynfallen op Romeinsk gebiet

bewurkje seksje

De earste ynfallen fan de Goaten op Romeinsk grûngebiet datearren út 237. It Romeinsk leger dat legere wie yn Daasje, makke doe koarte metten mei Goatyske plonderers. Mar al gau waard de Goatyske driging in gefaar foar it Romeinske ryk, dat de doetiidske keizer Maksiminus Traks besleat om harren mei in skatting ôf te keapjen neidat sy earder de stêd Histria oan de mûning fan de Donau plondere hienen.

Tsien jier letter wienen de plondertochten noch wiidweidiger wurden, dat keizer Filippus stjoerde syn tûke generaal Desius derop út om foarfêst in ein te meitsjen oan dy ynfallen fan de Goaten. Desius ferneatige de Asdingen, in Fandaalse stam en behelle de oerwinning op de Goaten. Mar ynstee om foar altiten in ein te meitsjen oan de driging fan de Goaten, troch de flechtsjende Goaten yn te heljen, lit er himsels troch syn troepen ta keizer útroppe en giet nei Itaalje om de hearskippij mei Filippus te bestriden. As gefolch fan it fertrek fan Desius kamen de Goaten it dêrop folgjend jier yn grutte kloften werom en koenen sawat ûnbehindere de Balkan plonderje. Under lieding fan Kniva oermasteren de Goaten Philippopolis en bleaunen de winter oer.

Desius fersloech Fillipius yn Itaalje en kearde mei it leger yn 250 werom nei de Balkan. Diskear waard it Romeinske leger troch de Goaten yn in mûklaach lokke en by Razgrad ferslein, dêr't Desius en syn soan by sneuvelen. It soe goed twa jier duorje foardat de Romeinen op 'e nij in leger tsjin de Goaten ynsette soenen. Dat leger stie ûnder it befel fan generaal Aemilianus dy't de Goaten yn 253 fersloech. Mar krekt as Desius makke hy it karwei ek net ôf en liet himsels ta keizer útroppe en ferliet Daasje.

Troch dat healslachtich en swak optreden giet de Romeinske provinsje Daasje foargoed foar it Romeinske ryk ferlern en kaam it yn Goatyske hannen.

Oanfollen oer see

bewurkje seksje

Sûnt 255 lizze de Goaten harren ek ta op seerôverij. Mei help fan in float fan skippen dy't sy de Romeinen ôfhandich makke hienen waard yn 255-257 Lyts-Aazje oanfallen, en in protte stêden yn Pontus, Bitynje en Propontus foelen de Goaten ta slachtoffer. De Goaten ferbûnen har mei de Herulen en makken de Swarte See oant de Hellespont ûnfeilich. Doe Falerianus as keizer yn it Easten fuort kaam te fallen waard harren driging allinnich mar grutter. Yn 260 wienen sy by steat in Romeinsk eskader dat by Byzantium stasjonearre lei te ferneatigen. Fan dat stuit ôf koenen de Goatyske rôfskippen ek de Aegëyske See ynkringe. Wylst Goatyske bendes de Balkan ôfstreupten, plonderen Goatyske seerovers de kusten en de eilannen.

Yn 268 folge nei alle gedachten de grutste oanfal fan dy tiid. In float fan Goaten en Herulen luts by de westkust fan de Swarte See lâns en slagge deryn de Dardanellen troch te farren. Yn de Egeyske See waard de float, neidat earst it eilân Lesbos en it skiereilân Atos plondere waard, yn trije dielen ferparte. De earste, Herulyske kloft kaam telâne by Tessaloniky, mar waard lykwols ferneatigjend ferslein troch keizer Gallienus. De twadde kloft plondere Grikelân, mar waard yn 269 ferslein troch keizer Klaudius II by Naissus (it tsjintwurdige Niš). Dêrnei waarden de oerlibjende Goaten op it lân efterfolge, en moasten har lang om let oerjaan. De tredde kloft die oanfallen op de kusten fan Lyts-Aazje, Rhodos en Syprus, foardat sy troch keizer Probus nei de Swarte See tebek jage waarden.

Werstel fan de Romeinske macht

bewurkje seksje

Keizer Aurelianus helle in grutte oerwinning op de Goaten en de Daasyske Carpi, en besleat dêrnei om de provinsje Daasje te ûntromjen. Dat beslút liket in súkses west te hawwen, want fan dat stuit ôf hâlden de Goaten harren rêstich en waarden sels befreone mei it Romeinske keizerryk, sa as bliken docht út it feit dat de Goaten troepen stjoerden om yn de kriich tsjin de Perzen te helpen. Nei alle gedachten hienen sy it yn dy tiid te drok mei it besetten fan eardere Romeinske provinsje , sa as bliken docht út de flecht fan folken út dy omkriten (de Bastarnen, de Karpen en de Gepiden) nei it Romeinske Ryk. Yn dizze tiid ûntstiene twa wichtige Goatyske riken, dat fan de Terwingen yn it westen en dat fan de Greutingen yn it easten. Harren grins waard foarme troch de rivieren Dnjestr en Proet. De Terwingen binne rûchwei de lettere Fisigoaten, de Greutingen de Ostrogoaten.

Yn de jierren dy't dêrop folgen kamen geregeld ynfallen foar fanút de eardere Romeinske provinsje oer de Donau dy't no wer de grins wurden wie. Keizer Konstantyn de Grutte wie him goed bewust fan dat gefaar en liet in protte fersterkings bouwen oan de lange Donaugrins (324). Yn 332 makket hy fan de Terwingen foederati, mei de Romeinen ferbûn folk bûten it ryk.

Yn de earste helte fan de 4e iuw jilde de ferhâldingen tusken Romeinen en Goaten oer it algemien as freonskiplik. De Donau wie sels in skoft lang 'iepen grins' foar hannelers oant 369, dêr't normaal de Romeinen dat soartemint fan kontakten ta inkele spesifike grinsposten beheinden.

Om 365 kamen der dochs wer ynfallen foar troch barbaren, wierskynlik fan Goaten, op de Balkan. Prokopius, dy't derhinne stjoerd waard om dy te bestriden, liet him ta keizer útroppe en krige stipe fan de Terwingen ûnder Atanarik. Ek syn opfolger Marsellus lit him yn syn keizersaspiraasjes stypje troch de Goaten. Keizer Falens ûndernimt dêrnei in strafekspedysje tsjin de Goaten, en loek him dêrby neat oan fan harren ferwar dat sy allinnich reagearre hienen op in blykber bonafide Romeinsk fersyk om help. Twaris kaam it ta in fjildslach, dy't beide kearen troch de Romeinen wûn waard, doch Atanarik slagge deryn him bytiids werom te lûken, en late amper ferliezen. De frede waard tekene, dêr't de Goaten inkele konsesjes by dwaan moasten, mar gruttendiels bleau de situaasje fan foar 365 yn stân. Under de Terwingen kaam it yn de folgjende jierren ta in striid tusken net-kristlike Atanarik en de troch de Romeinen en Falens stipe Fritigern.

Oer de skiednis Greutingen (Ostrogoaten), dy't fjirder fan it Romeinske Ryk ôf wennen, binne wy minder goed op de hichte. Om dizze tiid hinne waarden sy regearre troch in machtige en hiel bot kriichshaftige kening, Ermanerik. Hy boude in grut ryk op, dêr't net bekend fan is hoe grut dat no feitlik wie. Neffens in iere mar net wisse boarne strekte dat ryk him út oant de Baltyske kust, lâns de Wolga en oant de Oeral.

Yn 375 waarden de Goaten oanfallen troch de Hunnen, dy't earder al de mear nei it easten libjende Alanen ûnderwurpen hienen. Fan Ermanerik wurdt sein dat er himsels tekoart dy doe't hy net by steat wie om de Hunnen tsjin te hâlden. Fan de histoarisy binne der guons dy't fermoedzje dat der sprake wie fan in besykjen troch Ermanerink om de goaden geunstich te stimmen troch himsels foar syn folk op te offerjen. Yn alle gefallen hat it neat opsmiten en de Greutingen of Ostrogoaten flechten westwaarts, nei it gebiet fan de Terwingen.

Atanarik liet syn legers posysje opsette by de Dnjestr, mar moast him ûnder druk fan de Hunnen weromlûke. Ek in twadde besykjen om mear westlik mei help fan in grutte wâl in ferdigeningsliny op te lûken is troch oanfallen fan de Hunnen mislearre. Dêrnei besleat it grutste part fan de Terwingen, ûnder Fritigern en Alavivus om nei it Romeinske Ryk te flechtsjen. Ek de Greutingen, ûnder Alateus en Saffraks stienen oan de ouwer fan de Donau foar tastimming it Romeinske Ryk yn te kommen.

De Terwingen krigen tastimming, de Greutingen net, doch yn de letter skermutselingen koene ek sy oerstekke, en sadwaande loek de grutte kloft dy't letter de Fisigoaten wurde soe it Romeinske Ryk yn. Oare Goaten, dêrûnder Atanarik, loeken harren tebek nei Transsylvaanje, en hâlden dêr in Goatysk ryk oant dat gebiet ek troch de Hunnen beset waard, wierskynlik koart nei 400. Nei de dea fan Attila, doe't it Hunneryk útinoar foel, hearden de Goaten by de earsten dy't harren ûnôfhinklikens werom krije soenen. Sy waarden bekend as de Ostrogoaten, nei Ostrogota, de earste kening fan de Ostrogoaten (Greutingen).

Foar de fierdere skiednis fan de Goaten sjoch de artikels oer Fisigoaten en Ostrogoaten.

 
Blêdside út de Codex Argenteus

Fan eartiids ferearen de Goaten de Germaanske goaden dêr't de wichtichste fan Weda, Tonger en Frija wienen. Harren religieuze brûkmen ferskilden wierskynlik net folle fan dy fan de oare Germaanske folken. Under de fjirde iuw wie it kristendom yn opkomst by de Goaten, en lang om let waarden sy in kristlik folk, mei as gefolch fan it wurk fan Ulfila, de 'apostel fan de Goaten', dy't bekend wurden is troch syn oersetting fan de Bibel yn de Goatyske taal. Hy ûntwurp dêrfoar in eigen Goatysk alfabet, basearre op it Grykske alfabet, mar mei eleminten fanút it Latynske alfabet en it runenalfabet. De Goaten hearden lykwols net by it katolike leauwen, mar wienen Arianen krekt as de measte oare Germaanske stammen. Dy streaming ferskilt fan it ortodokse katolisisme omdat sy net leauwe dat Jezus en God deselde binne, mar Jezus as in aparte, oan God ûnderhearrige skepping sjogge. Yn de tiid dat de Goaten oergongen op it kristlike leauwen wie dat de oerhearskjende streaming yn it kristendom. Stadichoan krige it katolike leauwen ûnder de kristenen de oerhân en waard úteinlik de steatsgodstsjinst fan it oanswettende Romeinske Ryk. As ien fan de lêsten bekearden de Goaten harren yn de iere midsiuwen lang om let ta it katolisisme.

Bekende Goaten

bewurkje seksje
  • Hermann Schreiber, De Goaten, 1979
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen