Aurelianus
Lucius Domitius Aurelianus (9 septimber 214 of 215 - septimber/oktober 275) wie Keizer fan Rome fan 270 oant septimber/oktober 275. Aurelianus wie in súksesfol generaal en it hat foar in grut part syn fertsjinste west dat it Romeinske Ryk net yninoar sakke. Hy wie ien fan de meast krêftdiedige keizers út de Romeinske histoarje. Syn bynamme wie manu ad ferrum, (hân op it swurd).
Aurelianus folgde Klaudius II 'Gothicus' (foar koarte tyd opfolge troch syn broer Kwintillus) op as keizer neidat dizze oan de pest beswykt wie. Earder hie hy Klaudius holpen om keizer te wurden doe't Gallienus fermoarde waard.
Herstel fan de Romeinske Macht
bewurkje seksjeDoe't Aurelianus keizer waard rûn it him yn it begjin net mei. It Romeinske ryk wie yn gaos. De Allemannen foelen oanhâldend oan en de Goaten hienen frij spul op de Balkan. Yn jannewaris 271 hie hy te krijen mei in bretale ynfal fan de Allemannen yn Itaalje. Hy gie derhinne mei it leger, mar ferlear de slach by Placentia. Hy liet it der by sitte en gong fuort en gie daliks mei syn leger oan 'e gong en helle rûnom ekstra troepen wei. Mei dit fersterke leger koe hy de Allemannen datselde jier yn twa oare slaggen wol ferslaan. Hy wie hjirtroch in stik wiizer wurden en fûn dat de Romeinske haadstêd Rome net langer feilich wie foar fijannen. Dêrom joech hy opdracht in grutte stêdsmuorre, (de Aureliaanse Muorre) om Rome hinne te bouwen.
Aurelianus fûn ek dat it besit fan in oantal Romeinske gebieten net langer te handhavenjen wie. Dizze gebieten leinen bûten de Ryn- en Donau-Limes en hienen in soad te lijen hân fan ynfallen, benammen troch de Goaten. Dêrom liet hy yn 271 de foarút skode provinsje Daasje ûntromje en brocht syn troepen mei de Romeinske befolking oer nei de súdlike kant fan de Donau. Syn foargonger hie de ynvaasje fan Goaten al gruttendiels ta stilstân brocht. Aurelianus makke it wurk ôf, yn in oantal slaggen waarden de Goaten foar altiten ferslein.
Ek tsjin oare fijannige folken hie Aurelianus súkses. De Fandalen waarden troch him út Pannoanje ferdreaun en de westlike provinsjes dy't sûnt de opstân fan Postumus yn 261 in eigen ryk foarmen, waard troch him wer by it ryk foege. Ek yn it easten wie hy súksesfol doe't hy in ein makke oan de opstân fan Palmyra. Hjirtroch waard it hiele ryk wer feriene .
Utsein syn súksessen op militêr gebiet, hie Aurelianus ek súkses op in hiel oar mêd. Finansjeel wie it noch hieltyd in gaos yn it ryk. Ekonomysk gong it min en der wie in heech oprinnende ynflaasje. Aurelianus makke dêr in ein oan en herfoarmde it muntsysteem mei syn sestertii. Fierders makke hy in oanset ta de oprjochting fan in eigen steatsreligy. De kultus fan Sol Invictus, de sinnegod waard troch him befoardere en oare leauwen as dy fan de Kristenen waarden troch him opnij ferfolge.
Dea
bewurkje seksjeAurelianus wie in súksesfolle keizer mar hie dochs in soad fijannen. By in fjildtocht yn it easten waard hy fermoarde (275). Tasitus waard ta syn opfolger keazen. .