De Alanen (Gryksk: Alanoi, Latyn: Alani, Halani) wienen in Iraanske nomadestamme, dy't diel útmakke fan it folk fan de Sarmaten en nau besibbe wie oan in oare stamme, de Roksolanen.

Leefgebiet fan de Alanen en harren buorfolken yn de 1e iuw f.Kr.

Harren taal hearde ta de noardeastlike tûke fan de Iraanske talen, tegearre mei it Sogdysk en it dêrfan ôfstamjende Yagnobi. Bûten de Ossetysk sprekkende Osseten en in tige lyts oantal Yaghnobi is dy tûke no sa goed as útstoarn.

De namme "Alanen" komt fan it wurd "Aarjers" (dat fan Iraanske komôf is), óf fan it Ald- en Nij-Turkske wurd "alan" (territoarium, gebiet). It is besibbe oan de namme "Iron", wêrmei't harren Ossetyske neisieten harsels oantsjutten. De namme "Osseten" op har beurt komt fan it Grykske "Aorsi" (Russysk "Jasy", Georgysk "Ossi"), in oare namme wêrûnder de Alanen bekend stienen.

Oarspronklik ôfkomstich út it noarden fan Kazachstan, fêstigen de Alanen har yn de 1e iuw op de steppe tusken de Dnjepr, de Don en de Oeral, en ek yn de Noard-Kaukasus. Yn de iuwen dêrnei swalken de Alanen út oer grutte dielen fan Europa, Lyts-Aazje en Noard-Afrika.

Ynfal yn Partsje

bewurkje seksje

De Alanen wienen in geducht ruterfolk en se blieken sels harren Perzyske sibben op dat punt de baas doe't se yn de jierren 72-75 oer de Kaukasus Armeenje en Atropatene binnenfoelen. Se blieken amper te kearen en namen hast Trdat fan Armeenje finzen. De Parten dienen sels -om 'e nocht- in berop op de Romeinske buorren om help. Fespasjanus hie lykwols gjin nocht yn in aventoer en fûn de ferswakking fan de Parten net sa'n minne saak. Doe't Falaks II syn heit opfolge yn 77 rûn de ynvaazje al op syn ein, mar foar it Partyske Ryk begûn in betize perioade. De Alanen wienen dwaande har beladen mei bút en slaven werom te lûken, hoewol't der ek in oantal yn Albania en Atropatene efterbleaunen, wêr't se al rillegau assimilearren omdat se wat taal en kultuer oanbelange frij nau besibbe wienen oan de Perzen. Dit fersterke it Iraanske elemint yn it Kaukasusgebiet.

Trek nei it westen

bewurkje seksje

Doe't in diel fan de Alanen har letter oansluet by de Germaanske stammen sille dy grif in soad fan harren leare kind hawwe op it mêd fan oarlochsfiering mei hynders. Guon Alanen lutsen fierder nei it westen ta en in diel fan harren ruterij, de Jazygen waard yn 175, neidat se troch Markus Aurelius yn Pannoonje ferslein wienen nei Britannia band. Se fêstrigen harren yn Chester, Ribchester en oan de muorre fan Hadrianus. Der binne troch har eleminten fan de zoroastryske en Iraanske mytology yn de Keltyske folkloare komd.

Ynfallen yn it Romeinske Ryk

bewurkje seksje
 
 

Yn 406 siet in grutte groep Alanen yn Súd-Dútslân oan de beneden-Ryn. In gedielte ûnder lieding fan Respedialis sluet harren oan by de Fandalen en Sueven dy't Galje binnenfoelen. In oar diel ûnder leiding fan Goar gie yn Romeinske tsjinst as foederati. Fiif jier lettre soenen dy Alanen mei de Boergonden de usurpator Iovinus steune en ûnder kening Sangiban fochten sy yn 451 mei tsjin de Hunnen.

Oant 418 bestie op it Ibearysk Skiereilân in Alaansk keninkryk, wêroan neffens minder gongbere opfettings Kataloanje (Got-Alaanje) har namme ûntliende; yn 429 slueten de Alanen har oan by de Fandaalske ekspedysje nei Noard-Afrika. Letter is troch Justinianus in ein makke oan dit Fandaalsk-Alaanske keninkryk.

De efterbliuwers

bewurkje seksje

De eastlike tûke fan de Alanen, dy't yn streken fan de Oekraïne en oan de foet fan de Kaukasus efterbleaunen, bleauwen ûnder de hearskippij fan de Hunnen. Yn de iere Midsiuwen waarden se bekeard ta it kristendom ûnder Georgyske en Byzantynske ynfloed. Yn de 8e iuw ferskynde yn de noardlike Kaukasus in stabyl Alaansk keninkryk dat harsels, neffens histoaryske boarnen, Alaanje neamde. Dit keninkryk lei rûchwei op it plak fan it lettere Sirkaasje en it hjoeddeiske Noard-Osseesje-Alaanje. Op syn hichtepunt wie Alaanje in sintraal late monargy mei in grutte militêre macht, dat profitearre fan de Siderûte.

Yn de 13e iuw waarden ûnder it bewâld fan de Mongoalen de Alanen twongen om nei it suden te migrearjen, fanút de noardlike Kaukasus yn en oer it Kaukasusberchtme. Om 1395 feroveren de troepen fan Timoer Lenk de noardlike Kaukasus en rûge in grut part fan de Alaanske befolking út. De ôfstammelingen fan de Alanen dy't har yn it Kaukasusberchtme hanthavenje koenen steane bekend as de Osseten.