Hadrianus (Folút:Publius Aelius Traianus Hadrianus) (24 jannewaris 7610 july 138) wie in keizer fan it Romeinske Ryk fan 117 oant 138 en de tredde fan de adoptyfkeizers. Under syn bewâld waarden der yn it hiele ryk in protte grutte wurken útfierd, lykas de bou fan de muorre fan Hadrianus yn Ingelân en it Panteon yn Rome. Hy herfoarme de rjochtspraak en it amtlik apparaat en stifte ferskeidene stêden.

Buste fan Handrianus

Jonge jierren

bewurkje seksje

Hadrianus waard yn 76 berne as de soan fan de senator en eks-praetor Hadrianus Afer. Fanwege de iere dea fan syn heit waard Hadrianus op 10-jierrige leeftyd opnommen yn de banneleaze húshâlding fan syn efteromke, de lettere keizer Trajanus. Trajanus soarge derfoar dat Hadrianus yn Rome in oplieding krige. Yn it leger makke hy opgong en as stêf-ofsier focht hy ûnder syn omke tsjin de Daasjers en Goaten yn East-Jeropa, en letter tsjin de Parten yn Lyts-Aazje. Hadrianus boaske yn 100 mei Vibia Sabina, in efternicht fan him.

Opfolger fan Trajanus

bewurkje seksje

Nei de dea fan keizer Trajanus yn 117 waard Hadrianus syn opfolger. As nij keizer hie hy fuortendaliks te krijen mei de neisleep fan de Kitosoarloch, de Joadske opstân dy't him op syn hichtepunt oer in grut part fan it easten fan it ryk hie útwreide. Hadrianus wie in sunige keizer. Hy joech de Romeinske provinsjes Armeenje, Syrje en Mesopotaamje op en luts de garnizoenen tebek fanwege it jild dat it him koste. Hy wie fan betinken dat de oanhâldende driging oan de grinzen te djoer wie om syn gesach dêr te hanthavenjen.

Wetjouwer: it Edictum Perpetuum

bewurkje seksje

Yn Jeropa berikte ûnder Hadrianus de romanisearring har hichtepunt. Keizer Hadrianus luts in protte macht nei him ta, ta neidiel fan de senaat. Hy beneamde in grutte persoanlike amtlike stêf. Tsjinstanners liet er fan kant meitsje. Hy stribbe nei wetjouwing dy't yn it hiele ryk útfierd wurde moast en joech de skitterjende jurist Publius Salvius Julianus yn 130 opdracht om de pretoriaanske edikten gear te foegjen yn ien wetboek: it edictum perpetuum.

 
It Romeinske Ryk ûnder Hadrianus.

Reizgjende keizer

bewurkje seksje

Hadrianus keas net foar útwreiding fan it ryk, mar foar fersterking fan de besteande ynfrastruktuer. Oanhâldend reizge hy rûn as projektlieder en militêr om syn generaals te kontrolearjen. Underweis stifte er ferskate stêden, ûnder mear yn Traasje Hadrianapolis (Adrianopel, it hjoeddeiske Turkske grinsplak Edirne). Yn Nederlân wie Hadrianus yn 121 of 122 en stifte it stêdsje Forum Hadriany op de pleats dêr't no Foarburch leit. Yn Jeruzalim stifte hy in nije Romeinske koloanje, dêr't hy it religieuze ferset fan de joaden ûnder lieding fan Bar Kochba mei hurde hân bruts. De joaden soenen dêrnei út Palestina ferdwine, de diaspora.

 
De Hadrianus' Poart, yn Antalya, Turkije waard ta syn eare boud. Hadrianus besocht de stêd yn 130

Yn 125 liet Hadrianus it Panteon hielendal herbouwe. Yn Tibur (Tivoli) liet hy tusken 126 en 134 syn lusthof Filla Hadriana bouwe en yn Rome syn grutte mausoleum, dat tsjintwurdich Ingelenboarch (Castel Sant' Angelo) hjit.

Ferdigeningslynjes

bewurkje seksje

Sûnt it begjin fan it Romeinske Ryk hienen de keizers de oermastere gebieten ôfskoattele mei ferdigeningslynjes tsjin de barbaren. Op de meast bedrige punten wienen al limes, fersterke grinzen, oanlein: yn Noard-Afrika, Syrje, Roemeenje/Hongarije (Daasje), Dútslân, Nederlân en Ingelân. Foar Germaanje hienen de Romeinen sûnt de nederlaach yn de Farusslach net folle belangstelling mear. Yn 83 begûn de ôfskoatteling fan de grinzen mei limes tusken de natuerlike ferdigeningslynjes Ryn en Donau, fan Rheinbrohl súdlik fan Keulen nei de krite fan Regensburch, 550 kilometer lang en mei op syn minst tûzen wachttuorren en hûnderten forten. De muorren yn Brittanje moasten noch boud wurde.

Tsjin de Germanen

bewurkje seksje

Yn Germaanje liet Hadrianus de limes fersterkje yn 122 nei Kristus. Syn opfolger Antoninus Pius soe de limes yn 160 noch fierder útwreidzje yn eastlike rjochting.

 
Muorre fan Hadrianus yn Noard-Inglân.

Tsjin de Pikten en Skotten: Hadrianuswâl

bewurkje seksje

Yn 122 joech Hadrianus it startsein foar it oanlizzen fan de Fallum Hadriany, de Hadrianuswâl of Piktenmuorre yn it noarden fan Brittanje tsjin de ynfallen fan de Pikten en Skotten.

Kultuer en muntslach

bewurkje seksje
 
Denarius

Yn it tiidrek fan Hadrianus en syn opfolgers berikte de portretkeunst op Romeinske munten har hichtepunt. Under de Julysk-Klaudyske dynasty en Fespasianus waard de keizer fergoade, en wie syn portret in ideaalbyld. Under Trajanus waard it allegearre wat realistysker.

Hadrianus hie fan jongs af oan altiten grutte bewûndering hân foar de Grykske kultuer. Derom liet hy ek nei Gryske gewoante syn burd stean. Op syn reizen waard hy altiten beselskippe troch syn leafste Antinous: in Grykske jongen fan útsûnderlike skientme. Lettere skriuwers hawwe Hadrianus fanwege syn relaasje mei Antinous wol ferhune. Syn houlik mei Fibia Sabina wie min. Sy hie in affêre mei Suetonius dy't dêrtroch fan it hof ferwidere waard.

Syn houlik bleau sûnder bern, dêrom adoptearre hy yn 136 Lusius Seionus Kommodus as syn soan en opfolger - net te betiizjen mei de lettere keizer Kommodus, soan fan Markus Aurelius. Dizze adopsjesoan krige de namme Lusius Aelius Caesar. Hy ferstoar letter om Nijjier 138 hinne oan de tarring. Doe't Kommodus ferstoarn wie, adoptearre Hadrianus de tige wurdearre senator Antoninus yn syn plak, en frege him op syn beurt om de soan fan Kommodus en Markus Annius Ferus te adoptearjen. Dizze lêsten krigen de nammen Lusius Aurelius Kommodus en Markus Aurelius Ferus. Sa soarge Hadrianus foar twa "goede" keizers nei him, Antoninus Pius en Markus Aurelius.

 
Castel Sant'Angelo, it mausoleum fan Hadrianus yn Rome oan de Tiber.

Doe't Hadrianus ferstoar, waard hy troch syn opfolger Antoninus Pius yn 139 ta god ferklearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Anthony Everitt, Hadrianus, De rusteloze keizer, Ambo-Amsterdam, 2010.

Primêre boarnen:

Eksterne keppelings: