Muorre fan Hadrianus
De Muorre fan Hadrianus of Hadrianuswâl (Ingelsk: Hadrian's Wall) waard boud ûnder Hadrianus, keizer fan it Romeinske Ryk fan 117 oant 138. Dizze keizer woe oeral yn it ryk sels ynspektearje of de ferdigening goed wie en de provinsjes kinnen leare. Derom reizge hy sûnt 121 it hiele Romeinske Ryk troch. Doe't hy yn Brittanje op besite wie liet hy fan 122 oant 128 de 117 km lange Hadrianuswâl bouwe, dy't as ûnderdiel fan de limes (fersterke grinsline fan it ryk, wêrûnder Vindolanda) oant en mei ein 4e iuw tsjinst die. Hadrianus syn opfolger keizer Antoninus Pius herhelle dit projekt troch fan 142 ôf de noardliker Muorre fan Antoninus (Antonine Wall) oanlizzen te litten.
Doel
bewurkje seksjeDe muorre wie in stiennen fersterking oer de hiele breedte fan Grut-Brittanje en hie as doel ynfallen fan de Pikten út it noarden fan (Skotlân) tsjin te hâlden. Derneist tsjinne it as symboal fan de Romeinske macht, sawol yn Brittanje as yn Rome.
De muorre foarme ek de noardlike grins fan it Romeinske ryk en is ien fan de bêst bewarre stikken. Wierskynlik dienen de poarten yn de muorre ek tsjinst as dûaneposten, om sa foar de hannel as trochgong te fungearjen.
Lizzing
bewurkje seksjeDe muorre rûn fan de mûning fan de rivier de Tyne nei de Solway Firth (tusken it hjoeddeiske Carlisle en Newcastle) en lei iennige kilometers súd fan de tsjinwurdige grins mei Skotlân.
Yn it begjin waard de muorre oplutsen mei in breedte fan 3 meter, alhoewol't letter boude parten eat wat smeller wienen. De hichte wie nei alle gedachten tusken de 4 en 5 meter. Op fêste ôfstannen leinen 14 grutte en 80 lytsere castella (forten).
Fan it noarden nei it suden besjoen, bestie it ferdigeningswurk út in skeante mei in djippe grêft foarsjoen fan puntige stokken, dernei kaam de muorre sels. Oan de foarside lei in militêre wei foar it ferpleatsen fan guod en manlju, en op it lêst wienen der twa ferhegings mei wer in grêft der tusken yn.
Bemanning
bewurkje seksjeDe muorre waard bemanne troch likernôch 9000 manlju. Sy krigen mei in oantal fûle oanfallen te meitsjen, nammentlik yn 180 en foaral yn 196 en 197, wêrby't grutte ferliezen te betreurjen wiene. Under it regear fan keizer Septimius Severus waard de muorre gruttendiels rekonstruearre. Troch syn hurde optreden tsjin ferskate opstannige stammen bleau it dêrnei relatyf rêstich yn it gebiet. Oannommen waard dat de garnizoenslju harren fermongen mei de pleatslike befolking en folslein yninoar opgongen.
Ein: de Grutte Folkeferfarren
bewurkje seksjeDe Hadrianuswâl fûn syn ein doe it leger nei 400 fuortgong. It sintrum fan it West-Romeinske Ryk hie doe te kampen mei swierrichheden en de grinstroepen út Brittanje wienen nedich om Itaalje te beskermjen tsjin de ynfal fan de Fisigoaten.
In soad Germaanske folken lykas de Juten, Friezen, Angelen en Saksen makken misbrûk fan de situaasje en stutsen de Noardsee oer en namen Brittanje yn besit. De oarspronklike befolking waard ferdreaun nei de úthoeken lykas Wales, Cornwall, Ierlân en stutsen sels oer nei Armorica - it tsjinwurdige Frânske Bretagne.
Toerisme
bewurkje seksjeDe pleatslike befolking hat in grut part fan it materiaal fan de muorre sels brûkt. Dochs stiet in grut part fan de muorre noch oerein, foaral it middenstik. It is in wichtige toeristyske trekpleister fanwege de kuierrûte oer en by de muorre lâns fan see nei see.